Wa helpt mei by aksje Skjin Wetter?

septimber 1, 2022 10:54

Fan 8 oant en mei 15 oktober 2022 wurdt de seisde edysje fan it grutte himmelfeest Skjin Wetter holden. Hûnderten frijwilligers rêde dan it ôffal op dat yn en om it wetter hinne toarket. Klups, ferieningen en skoallen wurde oproppen om mei te dwaan. De dielnimmers binne frij om sels tiid en plak te kiezen. It giet om de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Smellingerlân, De Fryske Marren, Harns, It Hearrenfean en Waadhoeke.  

Boarne: Skjin Wetter

Omtoarkjende smoargens is in swierrichheid fan en foar elkenien. Sok ôffal bedarret yn de libbensomjouwing en toarket jierren om. It komt yn ’e grûn en it wetter, lûkt ûngedierte oan, bisten frette it op en stjerre deroan of fertiizje deryn. Offal yn it miljeu fergiet net samar, plestik fergiet nea hielendal; dat falt op it lêst útinoar ta mikroplestiks, dy‘t yn it iten en yn minskelichems bedarje. Omtoarkjend smoarchguod wurdt ek troch de wyn meifierd en bliuwt faak yn beammen hingjen en falt yn bermen del en komt it it wetter telâne. Nei ferrin fan tiid berikt it de see en draacht it by oan it plestiksop.

Skjin Wetter 2022
De himmelaksje Skjin Wetter giet fan de Fryske Miljeufederaasje út dy’t gearwurket mei Sirkulêr Fryslân, Wetterskip Fryslân en de gemeenten Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Smellingerlând, De Fryske Marren, Harns, It Hearrenfean  en Waadhoeke. Alle ynformaasje is te finen op www.samenfryslanschoon.frl.

Oanmelde om yn Noardeast-Fryslân en Dantumadiel mei te dwaan: j.wijbenga@dantumadiel.frl of 06-55137336; foar Smellingerlân, De Fryske Marren, Harnsen, It Hearrenfean en Waadhoeke: l.statema@fmf.frl of 06-24749556.

septimber 1, 2022 10:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.