Utstalling Trinus Riemersma yn Frjentsjerter biblioteek
Resint ferskynd
- LTO Noard: Bioferskaatmaatregels fan boeren foar flinters wurkje 0
- Studinten Friesland College eksposearje eigen kreaasjes yn Keramykmuseum Prinsessehof 0
- Utrikking LF2028-prizen by Iepen Mienskipfûnsjûn 0
- ‘De letterfretter’ is it nijste berneboek fan Lida Dykstra 0
- Mear stipe út Fryslân foar Dútske Friezen 0
Yn oanrin nei de Trinus Riemersmadei op 22 oktober komt der in unike útstalling oer libben en wurk fan Trinus Riemersma yn de Frjentsjerter biblioteek. Wethâlder Jan Dijkstra docht de iepening op 30 septimber.

Trinus Riemersma yn 1988 (foto: Anneke Bleeker/Tresoar)
Trinus Riemersma (1938 – 2011) is ien fan de grutste Fryske skriuwers fan nei de Twadde Wrâldoarloch. Hy wenne en wurke it grutste part fan syn libben yn Frjentsjer. By it domein Letter & Geast fan de Academie van Franeker ûntstie ferline jier it idee om it wurk fan Riemersma yn de skynwerpers te setten. “Riemersma fertsjinnet dat”, seit âld-heechlearaar Frysk Rolf Bremmer, sels lid fan L & G. “Twa kear waard syn wurk bekroand mei de Gysbert Japicx-priis, de heechste literêre priis yn de provinsje Fryslân. Boppedat krige er seis kear de Rely Jorritsmapma-priis foar ien fan syn koarte ferhalen of gedichten.”
Bremmer socht kontakt mei Tresoar yn Ljouwert, dat it argyf fan Riemersma bewarret. De konservatoaren Jelle Krol en Meindert Reitsma reagearren entûsjast, doe ‘t it wurd ‘útstalling’ foel. “Mar dy moat wol yn Frjentsjer komme, want dêr is sa’n útstalling hielendal teplak”. De Biblioteek wie ek optein en woe graach meiwurkje. De útstalling waard gearstald ûnder lieding fan Doeke Sijens, biograaf fan Riemersma. Njonken stikken út Tresoar, binne der bysûndere objekten út partikulier besit te sjen. Wethâlder Jan Dijkstra docht de iepening op 30 septimber om 16.00 oere yn de biblioteek, Sint-Martiniplantsoen 41. Wa’t belangstelling hat is fan herte wolkom. De tagong is fergees.
Yn itselde ramt hat Museum Martena fan 30 septimber ôf in romte ynrjochte mei seis byûndere portretten fan Riemersma; dêrûnder stikken fan de bekende Fryske skilders Sjoerd de Vries, Klaas Koopmans en Boele Bregman. Op 22 oktober is der in grut evenemint yn de Koarnbeurs om Riemersma hinne, sjoch fierder teaterdekoornbeurs.nl en academiefraneker.nl. Beide útstallingen duorje oant en mei 22 oktober.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje