Untwerp-fundearringsoanpak Fryske feangreidegebiet op besjen

septimber 11, 2022 08:37

Deputearre Steaten fan Provinsje Fryslân lizze mei yngong fan 12 septimber de ûntwerp-fundearringsoanpak ta besjen. Mei dy oanpak wolle Wetterskip Fryslân, de sân feangreidegemeenten en deputearre steaten de wenningeigeners yn it Fryske feangreidegebiet stypje by de previnsje en it opbetterjen fan fundearringsskea. Oant en mei 22 oktober 2022 kinne belanghawwers derop reagearje. Ein 2022 nimme Provinsjale Steaten, Algemien Bestjoer en de sân gemeenterieden in definityf beslút oer de fundearringsoanpak.

Foto: Wikipedia/Rasbak – lisinsje CC BY-SA 3.0

Wenningeigeners yn it feangreidegebiet kinne te krijen krije mei skea oan de fundearring. Oant sawat 1970 waarden wenningen faak op houten peallen fundearre. Troch ferskate oarsaken kin oan sa’n fundearring skea ûntstean, lykas pealrot troch langduorjende drûchstân, pealpest, in baktearje dy’t de houten peallen ûnder wetter oantaast, of boukundige faktoaren. Funderingsskea bringt noeden en ûnwissichheden mei. Weningeigeners binne sels ferantwurdlik foar ûnderhâld oan de wenning, dus ek foar de fundearring. Wetterskip Fryslân, Provinsje Fryslân en de sân gemeenten wolle yn it Fryske feangreidegebiet wenningeigeners bystean om fundearringsproblematyk foar te kommen en op te lossen.

Der wurdt ynset op in goed funksjonearjend fundearringsloket dêr’t wenningeigeners terjochte kinne mei fragen oangeande previnsje en opbetterjen fan fundearringsskea. Yn de ûntwerp-fundearringsoanpak is ek opnommen dat wenningeigeners in subsydzje en stipe krije kinne foar it útfieren fan fundearringsûndersyk en it opstellen fan in opbetterplan. Der is ek sprake fan lienfasiliteit mei geunstige (rinte)betingsten foar it ferbetterjen fan fundearringsskea, mar gjin ekstra kompensaasjeregeling neist de al besteande neidielkompensaasjeregeling fan Wetterskip Fryslân.

Fan 12 septimber oant en mei 22 oktober kinne belanghawwers harren sjenswize yntsjinje. De ûntwerp-fundearringsoanpak leit op besjen by de provinsje, Wetterskip en op de gemeentehuzen fan de sân feangreidegemeenten. De ûntwerp-fundearringsoanpak is digitaal yn te sjen op de webside fan Provinsje Fryslân. Nei 22 oktober wurde alle yntsjinne sjenswizen behannele.

De kommende perioade wurdt ek it advys fan de Fundearringstafel bestudearre. Under foarsitterskip fan boargemaster André van de Nadort fan Weststellingwerf, bestiet dy út seis wenningeigeners en in wenningkorporaasje. Op 13 july presintearre dy syn advys oer de oanpak fan de fundearringsproblematyk. Om genôch tariedingstiid te hawwen waard de ûntwerp-fundearringsoanpak sawat op itselde stuit nei de oerheden ferstjoerd. Dêrtroch is it advys fan de Fundearringstafel om praktyske redenen noch gjin ûnderdiel fan de ûntwerp-fundearringsoanpak.

As dat nedich is, wurdt de ûntwerp-fundearringsoanpak oanpast. Dêrnei geane de fundearringsoanpak, it advys fan de Fundearringstafel mei in reaksje dêrop en de reaksjenota op de sjenswizen nei Provinsjale Steaten, it Algemien Bestjoer fan Wetterskip Fryslân en de gemeenterieden. Ein 2022 falt der in beslút.

septimber 11, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.