Undersyk keppeling lisplakken brune float en feilichheidssertifikaten

septimber 18, 2022 08:26 Fernijd

De gemeenten Inkhuzen en Harns ûndersykje tegearre oft lisplakfergunningen fan de brune float oan de wetlike fereaske feilichheidssertifikaten keppele wurde kinne. As dat kin, betsjut it dat inkeld skippen mei in jildich feilichheidssertifikaat sa’n fergunning krije kinne. Boargemaster Ina Sjerps en wethâlder Paul Schoute (rekreaasje, toerisme en havensaken), sille meikoarten mei de Feriening Brune Sylfeart Harns yn petear.

Foto: Wikipedia/T. Schaefers (eigen wurk) – publyk domein

Boargemaster Ina Sjerps: “Ik bin bliid dat de Ynspeksje Leefberens en Transport ûndersyk dien hat nei de oanwêzigens fan feilichheidssertifikaten. Dy blike no net altyd oanwêzich of op oarder te wêzen. As gemeente wolle wy ek in bydrage oan de feiligens leverje. Dêrom ûndersykje wy oft in lisplakfergunning keppele wurde kin oan it wetlik ferplichte feilichheidssertifikaat dat elts brune floatskip nedich hat om farre te meien. Dat ûndersyk dogge wy yn ’e mande mei de gemeente Inkhuzen. It grutste part fan de brune float yn Nederlân leit yn Harns en Inkhuzen. Wy hâlde fan ús brune float en wolle meiwurkje om dy feilich yn ’e feart te hâlden.”

septimber 18, 2022 08:26 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.