Ulbe Tjallingii en Vronie de Vreeze yn Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum

septimber 28, 2022 12:22

Freed 7 oktober 2021 fan 17.00 oant 18.00 oere jouwe Ulbe Tjallingii (oargel) en Vronie de Vreeze (sopraan) in konsert yn Kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum te Ljouwert. Dat is it fêste tiidstip dêr’t sa no en dan op dy lokaasje konserten jûn wurde.

Ulbe Tjallingii en Vronie de Vreeze. Boarne: Kultuerpoadium doarpstsjerke Huzum

It oargel yn de âlde Doarpstsjerke hat in skiednis dy’t tebek giet oant de sechtjinde iuw. Sûnt de restauraasje yn 2015 is it yn perfekte steat en is it in lust om dernei te harkjen.

De oargelkonserten binne fergees tagonklik, mar in frijwillige bydrage wurdt fansels tige op priis steld. De kofje of tee jildt € 2,00.
Fergees parkearje kin op it terrein foar Intratuin oer (súdkant Tynjedyk).

septimber 28, 2022 12:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.