Tsead Bruinja tekenet ferhalen âldere Friezen op
Resint ferskynd
Fan tiisdei 6 septimber ôf geane dichter Tsead Bruinja, muzikant Zea en fotografe Rosa van Ederen by wensoarchynstellingen yn Fryslân lâns om ferhalen fan âldere Friezen op te tekenjen. Bruinja begûn mei Portretten yn Poëzy doe’t er Dichter des Vaderlands wie. Troch Ljouwert UNESCO City of Literature kin it projekt no trochgean.

Foto: ©Rosa van Ederen
Tsead Bruinja wie yn 2019 en 2020 Dichter des Vaderlands. Yn jannewaris 2019 joech er in wurkatelier oan trije âlderen yn Dokkum. Hy prate mei harren oer frijheid, it tema fan de Poëzijwike fan dat jier, en se makken dêr mei-inoar gedichten by. Yn 2019 wurke er it projekt út foar oare soarchynstellingen yn Fryslân. Hy folle syn team oan mei muzikant Zea (Arnold de Boer), fotografe Rosa van Ederen en in groep gastdichters en gie dêr yn 2020 mei op ’en paad. It partisipaasjeprojekt strâne nei fjouwer sesjes troch covid. Ljouwert City of Literature hat it projekt ein 2021 oernaam fan de Stichting Dichter des Vaderlands, sadat it dochs ôfmakke wurde kin.
Fan ’t hjerst wurde op ’e nij soarchynstellingen besocht troch Bruinja, De Boer en Van Ederen. Hja wurde wer oanfolle mei kollega-dichters, ûnder oaren Alara Adilow en Nyk de Vries. De keunstners sille wiidweidich mei bewenners yn petear en folgje it deiritme fan it hûs. Dêr wurde alderearst Suderigge op De Lemmer, SWO It Bilt yn Sint-Anne, Mienskipssintrum Leppehiem yn Akkrum en Haersmahiem yn Bûtenpost by oandien. Yn alle ynstellingen kiest it soarchpersoniel fjouwer dielnimmers út. Dy meitsje ûnder begelieding fan de fjouwer keunstners in selsportret yn de foarm fan in foto, gedicht en/of liet. De keunstners meitsje ek in portret, gedicht of liet op basis fan petearen mei harren. It einresultaat wurdt de deis dêrnei presintearre yn in feestlik programma foar alle bewenners en meiwurkers fan it tehûs.
Portretten yn Poëzy is mei mooglik makke troch it Lira Fûns en it Prins Bernhard Kultuerfûns.
Mear ynformaasje is te finen op leeuwardencityofliterature.nl en tseadbruinja.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje