Trije noardlike omjouwingstsjinsten sykje nije kollega’s

septimber 15, 2022 08:37 Fernijd

Wurkje by in omjouwingstsjinst betsjut dat men yn it brânpunt fan grutte maatskiplike ûntwikkelingen stiet. Tink oan feroaring nei in duorsume wrâld dêr’t it opwekken fan griene enerzjy needsaaklik by is. Dat is útdaagjend wurk. Foar in protte minsken is dat wurk ûnbekend en dêrom hawwe de omjouwingstsjinsten Grinslân, Fryslân en Drinte de webside www.werkenbijnod.nl lansearre. Mei dat platfoarm en online advertinsjes hoopje de tsjinsten minsken oan te lûken dy’t har foar in skjin en feilich Noard-Nederlân ynsette wolle.

Boarne: FUMO

“Bekendheid kreëarje foar ús wurk is in wichtige earste stap”, seit Nienke Baars, direkteur fan de Omjouwingstsjinst Grinslân. “Dêrtroch litte we minsken yn ’e kunde komme mei ús wurkfjild, ús fakgebieten en it betsjuttingsfolle wurk foar de eigen regio.”

Belangen fan ynwenners, miljeu en bedriuwen ôfwage
De kampanje fertaalt de útdagingen dêr’t de meiwurkers fan de omjouwingstsjinst alle dagen foar steane. Elkenien hat romte nedich. Om te wenjen, om te ûndernimmen, om te rekreëarjen, koartsein: om te libjen. Dat jildt foar alle bewenners fan it noarden, dus ek foar planten en bisten. Meiwurkers fan de trije noardlike omjouwingstsjinsten hawwe each foar alle belangen en moatte dêryn hieltyd de juste ôfwaging meitsje.

Wurkje by de omjouwingstsjinsten
By de omjouwingstsjinst hat men direkt ynfloed op de kwaliteit fan jins eigen leefomjouwing. As tafersjochhâlder, fergunningferliener of miljeuspesjalist draacht men alle dagen by oan in skjin, feilich en duorsum Noard-Nederlân foar elkenien. Wa’t ynteresse hat, kin op www.werkenbijnod.nl sjen.

Gearwurkje yn ’e syktocht nei nije kollega’s
Formeel binne de Noardlike Omjouwingstsjinsten trije ôfsûnderlike oerheidsorganisaasjes. Nammentlik de Fryske Omjouwingstsjinst FUMO, de Omjouwingstsjinst Grinslân (ODG) en de Regionale Utfieringstsjinst Drinte (RUD Drinte). Yn ’e praktyk komt it takepakket oerien en wurkje de trije organisaasjes in protte gear. Sa ek yn de syktocht nei nije kollega’s.

septimber 15, 2022 08:37 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.