Thekla Reuten en Fedja van Huêt gadingmakkers foar Oscar
Resint ferskynd
Narcosis is dit jier de Nederlânske Oscarynstjoering. De debútfilm fan regisseur Martijn de Jong giet oer in húshâlding dy’t de ferdwining fan de heit by in dûktocht ferwurkje moat. De film waard troch de seleksjekommisje út de Nederlânske filmsektor út alve ynstjoeringen keazen.

Foto: morguefile.com
Beide haadrolspilers hawwe al ûnderfining mei de wichtichste filmpriis. Fedja van Huêt spile yn de lêste Nederlânske film dy’t in Oscar wûn, Karakter út 1997. Thekla Reuten wist yn 2003 de nominaasje foar bêste bûtenlânske film mei De Tweeling net te fersulverjen. Dat wie de lêste kear dat in Nederlânske ynstjoering nominearre waard. Narcosis giet ein dizze moanne op it Nederlânsk Filmfestival yn Utert yn premjêre. Fan 20 oktober ôf is it drama yn bioskopen troch hiel Nederlân te sjen.
Ferline jier waard de film Do not hesitate fan regisseur Shariff Korver foardroegen, mar dy film helle gjin nominaasje. Yn de skiednis fan de Oscars waard Nederlân sân kear nominearre. Trije Nederlânske films waarden bekroane: njonken Karakter ek De aanslag en Antonia.
De 95e Oscarútrikking is op 12 maart takom jier yn Los Angelos. Op 21 desimber wurdt bekend oft Narcosis de koarte list fan fyftjin ynternasjonale films helle hat. De list mei de fiif definitive nominaasjes wurdt op 24 jannewaris buorkundich makke.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje