Terp fan de Takomst yn Blije is klear
Resint ferskynd
Grutsk lit de Feriening Doarpsbelang Blije e.o. witte dat de definitive oplevering fan de Terp fan de Takomst in feit is. Dêrmei komt in grut projekt, droegen troch de mienskip fan Blije, frijwilligers en lokale bedriuwen, ta in suksesfol ein.

Terp fan de Takomst (foto: ©Robert Veenstra)
Fuortdaliks nei de offisjele iepening op sneon 16 july 2022 sette oannimmersbedriuw De Boer & De Groot fan Harns útein mei de lêste wurksumheden oan de Terp: it oanbringen fan de swiere lizzers op de al earder pleatste pylders en it delsetten fan in sântal banken yn ’e binnenring. Dat foel net ta, want it waar wurke inkeld mar tsjin. Flinke reinbuien soargen derfoar dat it net slagge om foar de start fan de boufakfakânsje alles ôf te meitsjen. It oannimmersbedriuw sette alle seilen by en wurke yn ’e boufak troch om de put dochs dien te krijen. Op it lêste momint kaam der noch in ekstra bank om fan de sinneûndergong genietsje te kinnen.
Klaas Pieter de Groot fan De Boer & De Groot: “Wy hawwe mei in protte wille oan de realisaasje fan it ikoanyske bouwurk wurke. In net-aldendeisk projekt op in unike lokaasje. Wy hoopje dat in protte minsken it prachtige plak besytsje en belibje sille.”

Terp fan de Takomst (foto: ©Robert Veenstra)
It resultaat mei der wêze: de Terp fan de Takomst stiet no majestueus, yn folle gloarje, yn it bûtendyks gebiet by Blije, hast folslein mei duorsume materialen boud. De houten pyldergong is no bekroane mei twa grutte houten ringen, dy’t it houlik tusken lân en see en tusken minske en natuer symbolisearje. Yn ’e ringen steane teksten fan bewenners oer harren relaasje mei it Waad. De nammen fan ynwenners fan Blije en oare belutsenen binne ferivige op nammebuordsjes op pealtsjes by de bûtenring del. Skiep hawwe fuortdaliks fan it plak besit nommen en besikers binne loovjend.
De Terp fan de Takomst is fan 16 july oant 15 maart te besytsjen, mei achtslaan op it briedseizoen. In folder mei kuier- en fytsrûte is te krijen by Kennis- en ynformaasjesintraum Terp Hegebeintum, en op ’e webside fan Visit Wadden en fan Blije: www.blija.nl. It Fryske Gea, no eigner en behearder fan de Terp, biedt op syn webside in rûte en ekskurzjes oan.
De Terp fan de Takomst kaam ta sân troch in gearwurking fan de Feriening Doarpsbelang Blije e.o. en de ynwenners fan Blije mei de Ryksuniversiteit Grins, Sense of Place, It Fryske Gea en Observatorium Rotterdam. De natuerkompensaasje hat op in bysûndere wize foarm krige mei in proef fan Rykswettersteat. De bou is mei mooglik makke troch it Waadfûns, it Mondriaanfûns, it Prins Bernhard Kultuerfûns/Fûns Laboratorio, BPD Kultuerfûns, de provinsje Fryslan, Vitale Waddenkust en de gemeente Noardeast-Fryslân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje