Tanimmende druk op Dútske polityk om ferbettering Frysk op skoalle
Resint ferskynd
De ôfrûne tiid hawwe ferskate organisaasjes krityk jûn op it belied fan de Dútske oerheden as it giet om Frysk op skoalle yn de Frysktalige gebieten yn it lân. Ein ferline jier skreau in groep Noard-Fryske leararen oan de oerheid fan de dielsteat Sleeswyk-Holstein dat it net fol te hâlden wie om mei sa’n bytsje tiid en minsken it fak oerein te hâlden. Hja easken aksje en krigen stipe fan bewegingsorganisaasjes yn Noard-Fryslân.
Fan ‘t maityd hat de Rie fan Europa de posysje fan it Frysk op skoallen yn de Frysktalige parten fan Dútslân ûndersykje litten. De konklúzje wie dat it fak fierste swak stie en dat Dútslân net foldie oan de Europeeske regels foar it beskermjen fan lytse talen. De Dútske oerheid krige it driuwende advys om der hurd wurk fan te meitsjen.
De bewegingsorganisaasje Jongfryske Mienskip, dy’t ek yn it Sealterlân yn de dielsteat Nedersaksen aktyf is, hat fan ‘t wykein in brief skreaun oan it ministearje fan ûnderwiis dêr’t yn ferwiisd wurdt nei it oardiel fan de Rie fan Europa. De Jongfryske Mienskip easket op it foarste plak dat der no ris in echte learare-oplieding Frysk yn Nedersaksen komt. Op it stuit moatte leararen dy’t Frysk jouwe yn Sealterlân sels yn eigen tiid har taalkennis en fakdidaktyske feardichheden bynioar sykje.
Yn Sleeswyk-Holstein kin men oan de universiteiten fan Kiel en Flensburch wol byfakken Frysk folgje yn it ramt fan in learare-oplieding Dútsk, mar dy stêden lizze fiert fuort en rjochtsje harren benammen op it Noardfrysk.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje