Sybren Singelsma: Gebrek oan macht lit Grinslân skodzje
Resint ferskynd
Skôging
De parlemintêre enkête oer de Grinslanner gaswinning jout ús in treflik ynsjoch yn hoe’t de polityk wurket. It gehiel fan petearen is bysûnder nijsgjirrich. It muoit elkenien no o sa, en “met de kennis van nu” en “achteraf ferwijt ik mij”, besykje de lju dy’t ûnderfrege wurde harren gesicht wat te rêden, mar ja, dêr hawwe wy net safolle oan.
De fraach is, wêrom’t de ferantwurdliken de besluten nimme op it stuit dat soks derta docht. En dêrop folgjend, wêrom’t yn 2013 de produksje omheech gie, sels nei de ierdbeving en wittende dat it der dêrmei yn Grinslân net feiliger op wurde soe.
Om dat te begripen binne de tsjûgenissen fan de ministers Kamp en Dijsselbloem ferhelderjend. Twa deskundige ministers, dossierfretters, allebeide mei in behoarlik oantal kiezers yn Grinslân, polityk skerp en yntelligint, dat tink ik dochs.
En dochs gie it mis.
Kamp wie wat ûnwis, doarde net goed tsjin syn heechste amtner yn te gean, dy’t him ek nochris net goed ynformearre hie. Mear stúdzje, in soad belangen, Kamp kaam der net út. En doe kaam de mail út Singapoer fan Dijsselbloem: de skatkiste hie it jild nedich, pomp de boel mar op, en Kamp joech belies.
Ik tink dat de beide mannen harren no wol foar de kop slaan kinne, want harren byld yn de skiedskriuwing giet fan ‘Macher’ nei de mannen dy’t Grinslân yn ’e grûn sakje lieten.
De fraach is lykwols hoe’t twa manlju derta kamen om in beslút te nimmen dat net yn it belang fan Grinslân wie, net yn it belang fan harren eigen kiezers, mar allinnich yn it belang fan de skatkiste.
De ferkearde besluten waarden yn alle gefallen net nommen troch gebrek oan saakkundichheid, alles wie bekend, alle stúdzjes leine op tafel en de mannen sels wiene ek kundich. Sommige minsken wolle wolris dat it lân net bestjoerd wurdt troch politisy, mar troch saakkundigen; dan soe it folle better gean. Dit gefal toant oan dat dat net garandearre is. Dit wie in polityk beslút, nommen troch politisy dy’t beskikten oer alle kunde.
De logyske konklúzje is dan dat der wat misgien is yn it politike proses. En dat strykt ek. Kamp en Dijsselbloem lutsen harren nóch wat oan fan harren eigen kiezers, nóch wat fan de belangen fan de Grinslanners. Hokker belangen se wol tsjinnen? Dy fan de skatkiste, de ekonomy fan Nederlân yn syn gehiel, en de belangen fan it kabinet, dat gjin krisis woe. Dat koe, om’t der gjin politike priis betelle hoegde te wurden. Se harken nei de amtners, net nei de minsken yn it lân.
En de eigen fraksjes binne sa trou oan it regearakkoart, dat se ek net kritysk op besluten binne dy’t troch yndividuele ministers nommen wurde. In bytsje selsrefleksje troch de partijfoarsitters soe hjir ek net misstean.
En fierders hoegden Kamp en Dijsselbloem gjin politike priis te beteljen om’t de Grinslanners yn ús politike bestel gjin macht hawwe.
Yn ús tsjintwurdige kiessysteem wurdt gjin inkeld gewicht oan regionale bining jûn. Soks is op te lossen mei in distriktestelsel of in mingfoarm lykas yn Dútslan. De Grinslanners hawwe foar dat gebrek oan politike macht betelle. Harren boaiem sakket trochdat Kamp en Dijsselbloem yn politike sin oan harren neat skuldich wiene en allinnich mar oan de skatkiste hoegden te tinken. Us politike systeem hie harren beslút foarprogrammearre. Dêrtroch koene se net oars.
Foarprogrammearre? It binne gjin kompjuters, se hienen ek nei hun gewisse lusterje kind, want se wisten dat it libbensgefaarlike kosekwinsjes hie. Hoe folle se it gefaar der mei fergrutte ha kin je oer redendiele, mar dat se it gefaar der mei fergrutte ha,(no gean ik in sin bruken die ik net gau bruke sil, mar it jout oan hoe grimmitich dit my makket) hie sels ik witten! At d’r tuzenen Grinslanners omkaam wienen, hiene se net sizze kind dat se fan niks wisten.
By Singelsma: ik soe skriuwe: ‘Hokker belangen OFT se wol tsjinnen?
By K.A. van der Veen: ‘no gean ik in sin brûken die ik net gau brûke sil, mar it jout oan hoe grimmitich dit my makket’.
Echt Frysk is: ‘no SIL ik in sin brûke/no brûk ik in sin, dy’T ik net gau brûke sil, mar it jout oan hoe grimmitich OFT my dat makket’. De ‘gean’-konstruksje is yn dizze foarm yn it Frysk net tastien en is letterlik oerset Hollânsk. Efkes it taalweb Frysker rieplachtsje tenei?
Bêste H.Oftstra doch ús de wille en brûk jo eigen namme! Krityk op ‘e taal fan in oar is fan alle iuwen of ieuwen sa’t oaren noch graach brûke. De iene kin it ferneare de oare krekt net…