‘Sunday Talks’ yn it Grinzer Museum: ferdjipping op kleur

septimber 21, 2022 08:47

Kleur set oan ta keapjen en makket betsjutting út. Boppedat sjocht it minsklik each folle mear kleuren en skakearringen as de kleuren dy’t men yn it sinnesintrum fynt. Wat makket ús minsken op ferskate manieren gefoelich foar kleur? It antwurd op dy en oare fragen jouwe kleure-eksperts yn trije Sunday Talks fan it Grinzer Museum op 25 septimber, 30 oktober en 27 novimber.

Cornelie Tollens ‘sûnder titel’, 1993 (boarne: Grinzer Museum)

It Grinzer Museum organisearret op trije sneinen yn septimber, oktober en novimber ferdjipjende lêzingen fan Victo Lamme, Charlotte Caspers en Steven Kolsteren by de útstalling Kleur!. Fan harren kriget men in ynsjoch yn it brûken fan kleuren yn ferkeap, de kleurelear en kleur as kommunikaasjemiddel yn skilderkeunst.

Programma Sunday Talks
Psychology fan kleuremarketing – Victor Lamme, 25 septimber 14.00 oere
Marketeers wrâldwiid witte dat it keapgedrach fan konsuminten foar in grut part beynfloede wurde kin mei lytse, ûnopfallende sinjalen dy’t ûnbewust yn it brein ferwurke wurde. Kleuren binne tige gaadlik om dy ûnbewuste lading oan marketinguteringen mei te jaan.

Heechlearaar kognitive neurowittenskip Victor Lamme, bekend fan syn boek De vrije wil bestaat niet, fertelt oer de psychology fan kleuremarketing.

De spraak fan kleur – Charlotte Caspers, 30 oktober 2022 14.00 oere (FOL)
De komposysje, de sfear en faak ek de betsjutting fan in skilderij wurde foaral útmakke troch kleuren. Hoe wurde dy kleuren makke en hoe kommunisearje ferskate pigminten mei de sjogger?

Charlotte Caspers, bekend fan it telefyzjeprogramma De Kleuren van Caspers, is keunsthistoarikus, keunstner en restaurateur spesjalisearre yn midsiuwske materialen en techniken.

Kleurelear – Steven Kolsteren, 27 novimber 2022, 14.00 oere
Troch farve te mingen kin in einleaze hoemannichte kleuren en skakearringen makke wurde. Hoe kinne keunstners konsekwint ferskate farvekleuren kombinearje en sa harren unike palet oan skakearringen struktureel fergrutsje?

Steven Kolsteren is keunsthistoarikus en wie earder haad edukaasje fan it Grinzer Museum.

Oer Kleur!
Wat dogge kleuren mei jin? De betsjutting en it brûken fan kleur foarmje op in orizjinele wize de basis fan útstalling Kleur!, oant en mei 8 jannewaris yn it Grinzer Museum te sjen. In fleurige seleksje fan moade, skilderijen, fotografy, skulptuer en keramyk, mei topwurken fan Inez van Lamsweerde, Bruce Nauman, Marga Weimans en keunstners fan De Ploeg. De unike kombinaasjes fan keunst- en gebrûksfoarwerpen sette jin oan it tinken en litte kleuren fiele.

septimber 21, 2022 08:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.