Súdwest-Fryslân berget fleantúchwrak alliearren WOII
Resint ferskynd
De Lancaster ED603 sil burgen wurde, sa hat it kolleezje fan B&W fan Súdwest-Fryslân besletten. Yn it fleantúchwrak, dat yn de Iselmar leit, sitte mooglik stoflike rêsten fan miste bemanningsleden. It kolleezje komt dêrmei temjitte oan de winsk fan neibesteanden om de stoflike rêsten fan de bemanning te bergjen. De finansiering fan de berging wurdt dutsen út it Nasjonaal Bergingsprogramma fleantúchwrakken.

In Lancaster (foto: Wikipedia/Kogo eigen wurk – GFDL)
Petra van den Akker, wethâlder kultuer, is bliid mei de ûntwikkeling: “Wy fine it wichtich om de bemanningsleden nei in lêste rêstplak te bringen en sa in offisjeel grêf te jaan. Hja hawwe úteinlik de ultime priis betelle, sadat wy ek hjoed noch yn frijheid libje kinne. Dêrneist jout it neibesteanden de gelegenheid om ta in weardige ôfsluting te kommen.”
Fleantúchwrakken yn de Iselmar
Yn de Iselmar lizze tsientallen wrakken fan alliearre en Dútske fleantugen. Ferskate lokaasjes binne bekend, mar faak is it ûndúdlik om hokker tastel it giet. Fan de Lancaster ED603 en de Manchester L7390, twa bommewerpers fan de Royal Air Force (RAF), wiene wol histoaryske oanwizingen op hokker lokaasje oft dy lizze kinne soene. Nei beide wrakken is doe socht troch de marine. Nei alle gedachten is dêr de Lancaster by fûn. Mei in deteksjeûndersyk is yn kaart brocht hoe’t it wrak op ’e boaiem leit. De Manchester waard by de ûndersiken net fûn.
Dekking fan de kosten troch ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK)
Yn april 2021 stjoerde boargemaster Jannewietske de Vries in brief nei it ministearje fan BZK mei it fersyk om de twa fleantúchwrakken oan te melden foar it Nasjonaal Bergingsprogramma. Foar dat programma hat it Ryk fyftjin miljoen euro beskikber steld om in part fan de tritich oant fyftich kânsrike bergingen fan fleantúchwrakken op Nederlânske boaiem útfiere te litten. De kâns is reëel dat by in berging stoflike rêsten fûn wurde. De kosten fan de berging binne hast folslein foar rekken fan it Ryk.
Ofwike fan prinsipebegjinsel oarlochsgrêf
Oarlochswrakken dy’t ûnder de grûn of op ’e boaiem fan in rivier of de see lizze, wurde oer it algemien as oarlochsgrêf beskôge, in plak dat respektearre wurdt en yn prinsipe net samar fersteurd wurde mei. Ofwike fan dat prinsipebegjinsel is mooglik by fleantúchwrakken dêr’t de identifikaasje en lokaasje fan bekend is, en dêr’t in fermoeden fan bestiet foar de oanwêzigens fan minsklike rêsten. Dat is mjitwurk dêr’t faktoaren as piëteit foar de neibesteanden, iepenbiere oarder en feiligens, algemien belang, folkssûnens en finansieringsmooglikheden in rol by spylje.
Betsjutting fan frijheid
“Los fan de wearde foar neibesteanden, hechtsje wy ek wearde oan de betsjutting fan frijheid. Ferhalen oer de oarloch en besetting yn Nederlân leare ús hoe wichtich oft frijheid is en hoe belangryk oft it is om each foar in oar te hawwen. It ferhaal fan de Lancaster draacht by oan de bewustwurding dêrfan”, seit wethâlder Van den Akker.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje