Stroom op hiel Kuba útfallen troch orkaan

septimber 28, 2022 09:16

Orkaan Ian hat safolle skea feroarsake oan it elektrisiteitsnet op Kuba, dat gjin stroom mear levere wurde kin. Neffens de behearder fan it Kubaanske net besykje monteurs de problemen sa gau mooglik te ferhelpen.

Foto: pixabay.com

Yn de haadstêd Havanna hawwe in pear gebouwen noch wol stroom, tanksij needaggregaten. Sa baarnt it ljocht noch by in stikmannich hotels. De orkaan is oer it westlik part fan it eilân lutsen en hat ta oerstreamingen, skansearre huzen en omfallen beammen laat. Oant no ta is der ien deade meld. Der is noch gjin folslein byld fan de skea.

Nei alle gedachten wint de orkaan woansdei boppe de Golf fan Meksiko fierder oan krêft foar’t er Floarida berikt. Ian is no in orkaan fan de tredde kategoary, mar boazet mooglik oan ta de kategoary fjouwer (de op ien nei heechste). Der wurdt in protte reinwetter ferwachte en der kinne wynfaasjes oant 250 kilometer yn ’e oere helle wurde. Yn ’e westlike kustplakken Tampa en St. Petersburg binne de autoriteiten bang foar grutte skea. Der wurdt 25 sintimeter rein ferwachte yn Tampa, in regio dêr’t mear as trije miljoen minsken wenje. Parten fan de Amerikaanske steat hawwe al mear as in iuw net mei sok ekstreem waar te krijen hân.

Mear as 2,5 miljoen minsken binne foar it needwaar warskôge of hawwe opdracht krige harren hûs te ferlitten. Gûverneur Ron DeSantis hat in driuwend berop op ynwenners dien om advizen fan de autoriteiten op te folgjen.

septimber 28, 2022 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.