Sneinske mis sneuvelet yn Limburch troch personielstekoart

septimber 2, 2022 08:47 Fernijd

In tekoart oan prysters laat derta dat de fêste sneinsmis yn Limburch sneuvelet. It bisdom Roermond hat bekendmakke dat tsjerken net langer alle sneinen in mis hoege te fieren.

Foto: pixabay.com

Oant no ta wie de regel dat alle tsjerken, alle wykeinen op syn minst ien sneinske mis hâlde moasten. Mar it tekoart oan prysters is ûnderwilens sa grut wurden dat guon parochys dat net foarinoar krije. En soms binne der te min leauwigen om in mis foar te hâlden. Yn dy gefallen fynt it bisdom it “te ferjaan” as in parochy soms in mis oerslacht, berjochtet 1Limburg.

Hege enerzjykosten
De hege enerzjykosten spylje ek mei. It ferwaarmjen fan faak kâlde, grutte tsjerken rint flink yn ’e papieren. “Hoewol’t finansjele reden nea in haadsaak wêze meie yn pastorale oangelegenheden, kinne se ek net bûten beskôging litten wurde”, erkent fikaris-generaal René Maessen fan it bisdom yn in brief dy’t er oan de parochys skriuwt. It bisdom is fan betinken dat de parochys wol in soarchfâldige ôfwaging meitsje moatte as se yn in beskate tsjerke bygelyks om ’e wike in mis fiere, en dat soks yn oerlis mei it bisdom barre moat.

Bisdom Roermond is ien fan de sân roomske bisdommen yn de Nederlânske tsjerkeprovinsje. It prystertekoart spilet ek yn de seis oare bisdommen en laat soms ta in útwikseljen fan prysters, gearwurkjen fan tsjerken of de ynset fan lekeprysters. Yn ’e regel is der wol alle sneinen in mis.

septimber 2, 2022 08:47 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.