Slauerhofflêzing mei muzikaal optreden Albert Bonnema
Resint ferskynd
De jierlikse Slauerhofflêzing yn kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum wurdt dit jier op 6 oktober holden. Sprekker is prof. dr. mr. C.J.M. (Kees) Schuyt en in muzikale oade wurdt brocht troch de tenoar Albert Bonnema.
Jan Jacob Slauerhoff, berne yn Ljouwert (15 septimber 1898) en stoarn yn Hilversum (5 oktober 1936) wie ien fan de belangrykste Nederlânske dichters en romanskriuwers yn it tiidrek tusken de beide wrâldoarloggen.

Kees Schuyt (eigen foto)
Schuyt, sosjolooch en jurist, wie heechlearaar (rjochts)sosjology oan de universiteiten fan Nijmegen, Leiden en Amsterdam. Koartlyn is er yn Ljouwert kommen te wenjen. Hy krige ek nasjonale bekendheid as lid fan de Ried fan Steat en as opinymakker. Benammen begripen as rjochtssteat en tolerânsje lizze him nei oan it hert. Fan ’t hjerst komt syn boek Begrensde Tolerantie út.
Schuyt syn lêzing hat as titel: ‘Slauerhoffs leven en hedendaagse (on)verdraagzaamheid’. Hy sil ek stilstean by belangrike tinkers oer it belang fan tolerânsje lykas Coornhert, Bayle en Voltaire. Yn dat rychje past Agge van Albada (1525-1587), in Fries dy’t ûnrjochlik yn it ferjittersboek belâne is. Hy wie jurist, diplomaat en ynspirator fan de alsidich gelearde Dirck Coornhert. Van Albada wie – earder as in protte oaren – foarstanner fan tolerânsje! Yn syn lêzing sil Schuyt yngean op in tige aktuele fraach: ferdraacht de mearderheid fan no wol minderheden en ferdrage minderheden de wetlike mearderheid genôch?

Albert Bonnema (foto Andrew Wajs)
Nei it skoft bringe de bekende tenoar Albert Bonnema en pianist Andrew Wise in oade oan Slauerhoff: teksten fan Jan Slauerhoff op muzyk fan Wim Franken en Wise sels. Bonnema (berne yn Tsjummearum) is artistyk lieder fan de Haarlimske Opera. As operasjonger hat er oer de hiele wrâld karriêre makke.
De lêzing begjint om 20.00 oere. It is saak en reservearje in plak, want kultuerpoadium Doarpstsjerke Huzum rint gau fol, is de ferwachting. Parkearjen kin by Intratuin (Tynjedyk).
Tagongskaarten à € 6,00 binne foarôf digitaal te besetten fia https://www.ticketkantoor.nl/shop/keesschuyt.
Mear ynformaasje: e-mail: dorpskerkhuizum@gmail.com en op https://www.dorpskerkhuizum.nl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje