Slagge besite Japanske delegaasje oan Fryslân

septimber 4, 2022 08:41 Fernijd

Gemeente Súdwest-Fryslân, de provinsje, bedriuwen en kulturele ynstellingen sjogge mei in goed gefoel tebek op ’e besite fan in delegaasje út de Japanske stêd Kurobe. De delegaasje ûnder lieding fan boargemaster Takekuma wie dêr op útnûging fan de kommisaris fan de Kening Brok en boargemaster fan Súdwest-Fryslân frou De Vries.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân/Ester Bouwsma

Oanlieding wie it 50e jubileumjier fan de freonskipsbân tusken Kurobe en Snits. De bân ûntstie nei de fêstiging fan it ritsefabryk YKK yn Snits yn 1964, it alderearste Japanske bedriuw dat him yn Nederlân fêstige. De besite hat rendemint oplevere. De freonskip hat him ferdjippe, de direksje fan YKK sei by in wurkbesite ta om nea út Snits wei te wollen fanwege de histoarysk groeide goede bannen, en der is in basis lein foar in tsjinbesite yn ’e takomst.

Boargemaster De Vries: “Ynternasjonale freonskip is in wearde dy’t ús allegear riker makket. By de besite binne nije ideeën ûntstien tusken kulturele ynstellings en Fryske bedriuwen dy’t yn Japan
operearje. Dat binne de moaie, ûnferwachte saken dy’t út sa’n moeting fuortkomme. Ik bin grutsk op de iepen en hertlike ûntfangst troch ús ynternasjonale bedriuwen. En de kulturele organisaasjes hawwe op ynspirearjende wize sjen litten hoe’tst dyn erfskip ferbynst mei takomst. Wy sjogge tebek op in tige slagge moeting.”

Kommissaris fan de Kening Brok: “Fryslân hat him fan syn bêste kant sjen litten. Ynternasjonale kontakten binne wichtich foar ús provinsje. Wy steane yn ferbining mei de wrâld. De bannen mei Japan op ekonomysk en kultuereel flak is fersterke. De wurkbesites oan ynnovative ynternasjonaal operearjende Fryske bedriuwen as Keninklike Tichelaar en Feadship yn Makkum hawwe yndruk makke. Krekt as de besite oan musea lykas it Skipfeartmuseum yn Snits en it Keramykmuseum It Prinsessehof yn Ljouwert.”

De delegaasje brocht in besite oan YKK, it Frysk Skipfeart Museum, de Wetterpoart en Movacolor yn Snits, Kultureel Histoarysk Sintrum De Tiid, Ventura Systems yn Boalsert en Keninklike Tichelaar en Feadship yn Makkum. It selskip die ek Houtstêd Drylts oan, de 11Fountains fontein yn Drylts en it Jopie Huisman Museum yn Warkum. Yn Ljouwert stiene it Provinsjehûs, Keramykmuseum It Prinsessehof, Tresoar, Afûk en de Fryske Akademy op it programma. By Bûten Lauswolt yn Beetstersweach wie in jûnsmiel dêr’t de Japanske ambassadeur en fertsjintwurdigers fan it Fryske bedriuwslibben en de kulturele sektor ek by oanwêzich wiene.

septimber 4, 2022 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.