“Skjin bûthús” jout dochs tefolle stikstof: miljeufergunning skrast

septimber 7, 2022 14:07
Foto: Wikipedia

Min nijs foar boeren dy’t it bûthús of de lisboksstâl miljeufreonlik makke hawwe. De Rie fan Steat hat woansdei de fergunning fan trije boeren ynlutsen, om’t net bewiisd is dat de stikstofútstjit wier in einhinne leger is. Guon provinsjes hiene boeren derta ferplichte om it ûnderkommen fan harren beslach neffens beskate regels stikstofearm te meitsjen.

De boeren hiene ûnder oaren in flier lein mei skreven deryn, dat de pisse fluch fuortsipere en minder troch de dong hinne kaam. De flier waard ek faker himmele en de kij krigen oar fretten. Wittenskippers hawwe lykwols oanwizingen fûn dat al dy maatregels de útstjit fan stikstof yn ‘e praktyk dochs net altyd sa bot beheine as tocht waard. Dat komt mooglik trochdat der dochs minder goed himmele wurdt as moatte soe of trochdat de kij dochs net altyd it goede fretten krije.

Miljeu-organisaasjes giene dêrom nei de rjochter ta en easken dat de miljeufergunnings ynlutsen wurde soene. De heechste rjochter hat harren no gelyk jûn yn trije saken tsjin de provinsje Utert.

septimber 7, 2022 14:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.