Simone Djurrema: Ditsjes en datsjes

septimber 3, 2022 08:00

Kollum

Wy hawwe wer in prachtige simmer hân. Moai waar, eins wat te drûch, mar ik moat sizze dat myn grientetún der gjin lêst fan hân hat, want ik hie der ommers hea oerhinne. Ik haw mar ien kear wetter jûn! Ik haw mear lêst hân fan de kâlde nachten yn de earste helte fan juny; de groei stie hielendal stil. De beantsjes sette no einliks sokken, ik tocht dat it neat wurde soe nei de kjeld en de slakken, mar it giet no ynienen hurd! De tomaten begjinne ryp te wurden. De ierappels binne der allegearre út, it brocht net safolle op as ik hope hie, en ik doar net rjocht te sizzen wêrtroch. It wie yn alle gefallen net hiel min. Oar jier mar wer besykje.

Foto SD

Fan de sipels en wat oare dingen wit ik presys wat it probleem is, ik hoopje dat it op te lossen falt. Wisten jimme dat neakenslakken sipels meie? Ik tocht, dat sterke guod, dêr bliuwe se wol ôf, mar blykber net. Ik hoopje mar net dat se safolle skeetsjes litte dat de CO2 by ús omheech sjit! Of wol, dan wurdt it wat waarmer. Dat is goed foar it túnkjen.

Foar myn gefoel sit ik noch midden yn de simmer mei de tún en it fruit en sa, al wurdt it jûns om njoggen oere hinne al wer tsjuster. Mar de Sweden sizze dat de simmer oer is. Dy neame dit hjerst. De pessimisten sizze dat it hast winter is. Dat fyn ik like slim as dat yn Fryslân de earste sinterklaasdingen al wer yn de winkels lizze. Se ferjitte dat we oant let yn septimber noch wolris yn ‘e bikiny lizze koene! Ut de wyn, dat dan wer wol, en in wike letter kin it samar snije, mar dochs! Ik lûk my der mar neat fan oan. De berjochten doge ek hiel faak net, dat ik nim it sa’t it komt, dei foar dei, en ik haw besletten dat ik noch in pear wike simmer haw. En dêrnei neisimmer!

De jagers hawwe wer west, dat der leit wer in ree yn ’e friezer. De prommen sitte wer yn ’e sjem, de apels binne dit jier net om nei hûs oer te skriuwen. Der sitte swarte stipkes op, mar gjin wjirmkes yn. Ik tink dat de apeltsjes, doe’t se noch lyts wiene, oanfretten binne en dat it meigroeid is of sa. Ferline jier wie it ek al sa, en net allinnich by my, by de measten. Ik soe in pear kisten byinoar sykje kinne en nei de buorman bringe. Hy sammelet apels op in pear plakken yn ’e streek, dan kinne minsken harren apels bringe en kieze oft se der apelsop of jild foar hawwe wolle. Ik sil sjen oft ik der tiid foar haw. Der is ek neat oan eins om tusken al dy ûnsjogge apels de bêsten út te sykjen.

Ik haw in moaie kamera krige, dat ik hoopje dat ik der wat mei om lear te gean, dan kinne jimme de kommende tiid moaiere foto’s ferwachtsje. Ik haw al wat oefene, ik wie sa bliid dat der in iikhoarntsje yn ús bûkebeammen sit, se binne sa skattich! Mei in gewoane lins krigest dy der net op, mar ik haw no in hiel grutten ien! Dêr stie ik dan mei in enoarme lins op de beam te rjochtsjen. Ik krige gjin mûsearm mar in iikhoarntsje-earm! Mar ik fyn it tige slagge foar in begjinner, jimme moatte mar sjen.

Foto SD

De measte besite is wer fuort. Wy hiene dit jier wer aardich oanrin. Dit kear gauris guon dy’t we yn gjin jierren sjoen hiene, mear as stien, fyftjin jier, mar dat makket neat út. We geane gewoan troch wêr’t we opholden binne. En we kinne efkes werom yn ’e tiid. Hoe is it mei dy, wêr is dy en dy keard. Men rekket net útpraat!

Marja en Lútzen kamen ek, de eigeners fan ús earste tiny house. It terras dêrfan leit sa moai. Hindrik sit der wolris mei in pilske fan it útsicht te genietsjen. Dan is it wurk foar de dei dien of it is wykein, en dan stjoert er in berjochtsje: “Ik sit by Marja, komst ek efkes?” Mar Marja wie altyd yn Fryslân. Ik stjoerde har al ris in appke: “Dat is ek wol wat, no bin ik dy keardel fan my kwyt en dan sit er mar wer by dy op it terras!”

Mar dizze kear wiene se der echt. Dat no koene we op besite by Lútzen en Marja. Der fleach noch in reebok út de bosk wei op sa’n tsien meter ôfstân fan harren terras, dat siet by it fakânsjepakket yn. Gelokkich binne se noch lang net útsjoen. Sommige minsken ride in rûntsje of wat en sizze: “Oar jier wer earne oars hinne!” En oaren reitsje nea útsjoen. Gelokkich Marja en Lútzen ek net. Wat moat men oars mei in húske op ien plak? Mar as men it sjen wol is der safolle te dwaan en te belibjen by ús yn de streek.

Oer in wike of wat komme de lêste Friezen, en dan de jagers noch wer foar de elandejacht. En dan is it nei alle gedachten wer dien foar dit seizoen. De rêst is werom. Dat as ik Hindrik wer ris kwyt bin en it is moai waar, dan kin er samar wer by Marja op it terras sitte. Lekker rêstich fan it útsicht te genietsjen.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
septimber 3, 2022 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.