Sealterlân hat der samar “in doarp by”

septimber 7, 2022 21:00
Ien fan de nije buorden

Foar in protte minsken yn Baalenje wie it woansdei in ferrassing: de buorskip makket offisjeel al tsientallen jierren lang diel út fan it doarp Strukelje, mar hat no eigen kombuorden krige. “Bollingen / Baalenje” stiet der yn de talen Dútsk en Sealterfrysk op.

Baalenje is yn in pear jier tiid de twadde buorskip yn it Frysktalige Sealterlân dat in eigen doarpsstatus kriget. De buorskip Wietsound hat yn 2020 ek eigen buorden krige en is dêrmei likegoed losmakke fan Strukelje.

De nije buorden meitsje wol in ein oan in lange striid tusken guon ynwenners en de gemeente. Troch it groeien fan it doarp Strukelje waarden de kombuorden hieltyd fierder opskood nei terrein dat oarspronklik hearde by Baalenje, dat foaral út pleatsen en fersprate huzen bestiet. Kear op kear waarden de buorden nachts útgroeven en weromset op it âlde plak, ta frustraasje fan de amtners. It grutste part fan Baalenje lei bûten de beboude kom en krige allinnich ôfwikende griene buorden.

Omdat de gemeente de faasje fan it ferkear yn in nijbouwykje te Baalenje ferleegje wol nei tritich kilometer yn ‘e oere, moat de buorskip beboude kom wurde. Om der dan buorden mei de namme ‘Strukelje’ del te setten like boargemaster Thomas Otto net korrekt. Krekt as by Wietsound, dat om deselde reden eigen buorden krige hat, is der dêrom foar keazen om Baalenje echte kombuorden mei de eigen namme te jaan.

It Sealterlân is in Frysktalige gemeente yn it feangebiet by Kloppenburch yn Dútslân. It hie fanâlds trije doarpen: Utende, dat no in buorskip is by it gruttere Strukelje, en fierder Roomelse en Skäddel. Ut dat lêste doarp hat de eardere buorskip Seedelsbierich him ta in folweardich doarp ûntwikkele. Der lizze yn de gemeente noch ferskate oare buorskippen sûnder doarpsstatus.

septimber 7, 2022 21:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.