Sa ûnnoazel wurdt der yn Wales oer de eigen taal tocht

septimber 30, 2022 09:45

Der binne yn Wales noch hieltiten lju dy’t miene dat dûbeltalige buorden gefaarlik binne. Men woe sokken wizer hawwe. Ommers: meartalichheid yn it strjitbyld is yn Europa sa njonkenlytsen wat deagewoans. Dochs wol soks it bestjoer fan it Welske greefskip Sir Fynwy / Monmouthshire net earlik oan. It Welske regear grypt dêrom yn.

Twatalige plaknamme- en strjitnammebuorden binne yn Wales ferplichte. Yn it grutste part fan Wales komme de oerheden dy ferplichting sûnder problemen nei, mar yn Sir Fynwy woene se net. It prinsepealste argumint fan it greefskipsbestjoer wie: bestjoerders fan sikeweinen soene troch de Welske tekst yn ‘e war reitsje en dat soe derta liede dat dy sikeweinen mooglik te let by de pasjint oankomme.

Fierder joech it greefskipsbestjoer as argumint dat minder tekst op ‘e buorden goed wêze soe foar de maatskiplike dielname fan “minsken mei learswierrichheden, minsken yn ‘e bernskens en minsken mei eachlijen”.

Apekoal, wie it Welske regear fan betinken. It hat de bestjoerders yn Sir Fynwy lêst jûn en soargje dat de buorden rap twatalich wurde, lykas yn de rest fan Wales.

Nuver is lykwols hoe’t The Telegraph oer de saak skriuwt. Dat is ien fan de grutste kranten fan it Feriene Keninkryk. De krante liket de Welske taalpolityk op in pypfol te hawwen. Sjoernalist Tim Sigsworth skriuwt: “It Welske regear hat in greefskip oan ‘e râne fan Wales ferbean om ientalich Ingelske strjitnammebuoren te brûken, ek al is warskôge dat soks libbens yn gefaar bringt”. Fierder beklammet de man dat de ferskillen tusken de Ingelske en Welske nammen “in boarne fan betizing” wêze kinne, dat “ferplegers sûnder kennis fan de taal” langer dogge oer it lêzen fan twatalige buorden en dat “minder as 20 persint fan de ynwenners fan it greefskip” Welsk praat. Oer de ûnproblematyske dûbeltalige buorden yn de rest fan Wales en om utens hat er it net.

Wales is ien fan de lannen yn it Feriene Keninkryk. De oarspronklike taal is it Welsk, dat lykas it Iersk, Skotsk en Bretonsk by de Keltyske taalfamylje heart. Yn grutte parten fan Wales wurdt troch ymmigraasje en troch taalwiksel op ‘e doarpen sa stadichoan mear Ingelsk praat as Welsk. Om de eigen taal te behâlden fiert de Welske oerheid in aktive polityk om it Welsk sichtber te meitsjen en it brûken derfan te fasilitearjen.

septimber 30, 2022 09:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.