Rowan út Garyp mei Frysktalich liet nei heale finale Holland’s Got Talent
Resint ferskynd
De 17-jierrige Rowan Veltman fan Garyp song freedtejûn by Holland’s Got Talent syn Fryske ferzje fan it nûmer ‘Everything I wanted’ fan de Amerikaanske sjongeres Billie Eilish. Syn nûmer hat de titel ‘Myn dream’. De sjuery fûn it sa bysûnder dat er beleane waard mei de ‘gouden knop’. Dat betsjut dat er yn ien kear troch is nei de heale finale.
Rowan fertelde yn it RTL 4-programma dat er graach oan de minsken hearre litte wol dat in nûmer ‘fet moai’ wêze kin yn it Frysk. Hy sei dat er graach jongelju mei syn uterlik sjen litte wol dat it jinsels wêzen wol in stap is, mar dat men yn Nederlân wêze mei wa’t men is. Trans, biseksueel, pan. En dat er dat yn Fryslân en hiel Nederlân útdrage wol. Hy joech ek oan dat trochdat by him op skoalle homoseksualiteit net echt akseptearre waard, hy himsels dêr net thúsfielde. Doe’t er syn eksamen helle hie, siet er net mear yn noed dat er oanfallen wurde soe.
Rowans liet is gjin letterlike oersetting fan ‘Everything I wanted’, mar giet oer ûnbeantwurde leafde. Hy krige loovjend kommentaar nei syn optreden. “In wûndermoai nûmer. Frysk past dy as in want”, sei sjuerylid Marc-Marie Huijbregts. Sjuerylid Edson da Graça sei dat er neat ferstie fan wat Rowan song, mar dat it hielendal doogde. Dêrnei drukte Da Graça op de gouden knop en dêrtroch stie Rowan fuortdaliks yn ’e heale finale. “Ik wist net dat Frysk sa moai wêze koe”, sei Da Graça nei’t Rowan it poadium ferlitten hie.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje