Reklame foar gehakbal of karbonaadsje? Yn dizze stêd mei it net mear …
Resint ferskynd

Wylst de Nederlânske greidboeren en bargemesters krekt fan ein gien binne mei de reklamegjalp “Nederland Vleesland”, set ien stêd yn Noard-Hollân de foet oerdwers. It gemeentebestjoer is teriede woarn om reklame foar fleis te ferbieden.
In reklame foar in gehakbal of karbonaadsje sil men dêr op ‘e bushokjes skielk net mear tsjinkomme. Reklames foar fleanreizen nammers likemin en “producten uit de bio-industrie” meie der ek net yn ‘e iepenbiere romte oanpriizge wurde.
De stêd dy’t dy besluten nommen hat, is Haarlim, de haadstêd fan Noard-Hollân. It idee kaam fan de GrienLinks-fraksje yn de gemeenterie. Yn Hollânske stêden komme reklameferboaden mear foar: Amsterdam, Leien en De Haach hawwe bygelyks reklame foar fleanfakânsjes en lúkse weinen op benzine ferbean, mar in fleisreklame is wat nijs yn Nederlân en sa’t it liket sels op ‘e hiele wrâld.
It reklameferbod giet net fuort yn: neffens de rinnende kontrakten mei reklamemakkers yn de gemeente is dat der net, mar as de kontrakten fernijd wurde, wurdt it ferbod deryn opnommen. Der binne trije reklamemakkers yn de gemeente warber en dy harren kontrakten rinne ôf yn 2024, 2025 en 2031.
Oft it gemeentlike reklameferbod wetlik wol tastien is, is net dúdlik. Heechlearaar bestjoersrjocht Herman Bröring fan de Ryksuniversiteit Grins seit dat in rjochter de frijheid om reklame te meitsjen as in foarm fan frijheid fan mieningsutering sjen kin en dat is in grûnwetlik beskerme rjocht. As in supermerk yn it gewear komt tsjin it ferbod en der in rjochtssaak fan makket, is min te foarsizzen hoe’t dy ôfrinne sil, sa seit de rjochtsperfester.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje