Raket fan Bezos yn flammen by lansearring, gjin minsken oan board

septimber 14, 2022 08:43 Fernijd

Foar it earst is in lansearring fan in raket troch Jeff Bezos syn romtefeartbedriuw Blue Origin mislearre. In goed minút nei lansearring sloegen op in hichte fan sa’n 8,5 kilometer flammen út de New Shepard fan de Amazon-baas.

Foto: Wikipedia/LunchboxLarry – CC BY 2.0

Hoewol’t dit type raket ek foar bemanne flechten brûkt wurdt, wiene der diskear gjin minsken oan board. De raket hie inkeld 36 eksperiminten by him, ûnder mear fan NASA. It gie mis doe’t de raket mei goed 1100 kilometer yn ’e oere ekstra gas byjoech om hichte te winnen. De kommentator fan de livestream út West-Teksas hie krekt sein dat dat it punt is dêr’t de grutste krêften op ’e masine ynwurkje. “It liket derop dat der wat misgien is”, konstatearre de presintatrise doe’t der flammen út de raket sloegen en it boppeste stik losskeat. “It giet net neffens plan.”

De kommentator lei út dat de kapsule, dêr’t by bemanne flechten de passazjiers yn sitte, suksesfol fan de rest fan de raket loskommen wie. De kapsule sylde oan parasjutes stadichoan nei ûnderen ta, wylst de rest fan de raket nei de ierde ta stoarte. It wie de earste kear dat mei in raket fan Blue Origin wat misgie, nei 23 raketflechten. It eksimplaar dat ferlern gien is, wie njoggen kear ynset.

Blue Origin hat noch neat sein oer wat mooglik de oarsaak fan de ûntploffing is. It ynsidint wurdt ek troch de Amerikaanske loftfeartautoriteit FAA ûndersocht. Salang bliuwe de oare raketten fan it bedriuw oan ’e grûn. It bedriuw hat 31 minsken bûten de dampkring brocht, mei flechten fan tsien minuten op en del nei de grins fan ’e romte. Bezos sels gie ferline jier mei de earste flecht, letter folge ek in flecht mei Star Trek-akteur William Shatner.

septimber 14, 2022 08:43 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.