Provinsjebestjoer Fryslân reagearret op troanrede

septimber 21, 2022 10:13

Deputearre Steaten: “Erkenne fan de ûnrêst set de doar nei it petear iepen.”

‘Net fan ’e flier op ’e souder’, dy siswize rûn as in reade tried troch de troanrede 2022. Mei it oanheljen fan alle problemen dy’t har foardogge en dy’t dwers troch de portefúljes fan alle deputearren hinne rinne, wie it in grôtfolle rede, is it kolleezje fan DS fan betinken. De Kening ferwiisde nei de ynhuldiging fan Keninginne Juliana yn 1948. Doe wie der ek sprake fan in protte ûnrêst yn de mienskip. No wurdt ek hurd oan oplossingen wurke, mar dat kin allinne stap foar stap en breed droegen. “Dat hat wat wei fan de Fryske oanpak”, seit deputearre Sietske Poepjes.

Enerzjy
De negative ûntwikkelingen op de gas- en enerzymerk krije it folle omtinken fan it kabinet. Dat makket 18 miljard euro frij foar maatregels dy’t benammen op de lege en middenynkommens rjochte binne. It is moai dat it kabinet wurk makket fan de enerzjytransysje. De Kening referearre oan ûnder mear wynenerzjy en wetterstof. It Fryske bestjoer ropt op om ek omtinken te hawwen foar grien gas en akwatermy. Alle lokale inisjativen binne ek fan belang foar de enerzjytransysje. By einsluten neamde de Kening in nije rol foar kearnenerzjy. Fryslân sjocht dêr op dit stuit gjin rol foar himsels yn weilein. Mocht Fryslân yn byld komme foar in sintrale, dan moat dat neffens de útgongspunten ‘sûn en feilich’.

Stikstof
It kabinet jout oan dat in fikse reduksje fan de stikstofútstjit ûnomkearber is, mar dat boeren perspektyf bean wurde moat. In helder boadskip. It is goed om te hearren dat it kabinet each hat foar it perspektyf fan boeren om yn de takomst ek in fatsoenlik ynkommen te fertsjinjen.  It kabinet jout mei klam oan dat yn oare sektors as de lânbou, yndustry en mobiliteit, de útstjit ek omleech brocht wurde moat. Dy evenredige ferdieling oer de sektors hat it provinsjebestjoer ek yn it Fryske Utfieringsprogram opnommen.

It is moai dat it kabinet erkent dat it belangryk is om takomme jier foar de krekte útwurking foar de gebieten apart genôch tiid te nimmen. It kolleezje fan DS heart yn de wurden fan de Kening dat der soms ferskillende oplossingen binne dy’t in útkomst biede kinne. Der kin tocht wurde oan in oare bedriuwsfiering, ynnovaasje en frijwillige bedriuwsferpleatsing en/of útkeap.

 

septimber 21, 2022 10:13
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.