Poll foar Fryske autonomy

septimber 17, 2022 12:28

De Jongfryske Mienskip (JFM) hat in online poll makke mei de fraach oft de ynwenners fan Fryslân foar de heechste graad fan autonomy binne.

De ynliedende tekst fan de poll sjocht der sa út:
Skotlân, Kataloanië, Flaanderen en de Dútske dielsteaten hawwe allegear in eigen parlemint mei eigen foech. It binne parleminten mei sizzenskip. Yn dizze poll giet it om fiergeand sizzenskip foar it Fryske parlemint. Dat wol sizze: safolle mooglik sizzenskip oer al it belied dat de hjoeddeistige provinsje Fryslân oangiet. Fryslân bliuwt yn dit senario wol ûnderdiel fan it ‘Koninkrijk der Nederlanden’. Dêrmei bliuwe allinnich it Ministearje fan Bûtenlânske Saken en it Ministearje fan Definsje yn De Haach. De oare ministearjes falle ûnder de autonome regio Fryslân.

De pollfraach is:
Fynsto dat Fryslân in eigen parlemint mei sizzenskip hawwe moat?

Yn 2021 hat de JFM syn nije koersdokumint publisearre mei as gjalp ‘Underweis nei autonomy’. De poll is ien fan de stappen yn it koersdokumint.
De JFM hat noed oer de solidariteit yn Fryslân. De polarisaasje dy’t de Rânestêd yn syn greep hâldt mei hjir noait foar master opslaan. Dêrom fynt de JFM dat it tiid is om as Friezen oer nije takomstdoelen nei te tinken. It bestjoerlike systeem fan Nederlân is hast twahûndert jier âld en dêrom wol de JFM mei de Friezen yn petear om te sjen oft it ek tiid is foar in update. Sa wol de JFM in slinger jaan oan in ûnderwerp dat folle mear omtinken fertsjinnet.

De JFM ferwachtet dat de measte Friezen iepen steane om oer de takomst nei te tinken en hopet dat in hiele protte minsken meidogge.

De keppeling nei de poll is:
https://www.surveymonkey.de/r/XBBXB6V

septimber 17, 2022 12:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.