Politike partijen krije oanrekommandaasjes oer it Frysk foar harren ferkiezingsprogramma’s
Resint ferskynd
Hjoed organisearret it Steatekomitee Frysk – in fêste wurkgroep fan Provinsjale Steaten dy’t him mei de Fryske taal dwaande hâldt – in gearkomste dêr’t ynsprutsen wurde kin. De Ried fan de Fryske Beweging nimt syn trekken waar om in grut tal oanrekommandaasjes te dwaan foar in Frysker Fryslân. Yn augustus wiene dy al ferstjoerd nei de programkommisjes fan de Fryske politike partijen, dy’t har tariede op de provinsjale ferkiezings fan oankommende maart.
De oanbefellings binne dien yn de foarm fan konkrete programmapunten, dy’t politike partijen sa yn harren ferkiezingsprogramma’s opnimme kinne. It binne stevige punten: gjin besunigings op Fryske taal en kultuer mar just kulturele autonomy, behearsking fan it Frysk as funksje-eask by (semy)oerheidsynstânsjes, kommunikaasje yn it Frysk as stipe-eask by organisaasjes dy’t troch de Provinsje subsidiearre wurde, folle mear skreaun Frysk yn de media, in publykskampanje om it brûken fan it Frysk te stimulearjen en yn 2030 rûnom poerbêst ûnderwiis yn de Fryske taal en alle plaknammen Frysktalich. In taljochting op al dy oanrekommandaasjes is te finen yn it brief oan de politike partijen, dy’t no foar elkenien te lêzen is: Brief programkommisjes steateferkiezings mei oanbefellings.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje