Poetin: East-Oekraynske provinsjes no fan Ruslân

septimber 30, 2022 15:02

De kriten Cherson, Zaporizja, Loehansk en Donjetsk binne neffens Wladimir Poetin no fan Ruslân. Dat sei de Russyske presidint freed yn in telefyzjetaspraak.

Fan ‘t wike waarden yn de fjouwer East-Oekraynske provinsjes referindums hâlden oer oansluting by Ruslân. Neffens de offisjele útslach stimden de ynwenners hast ienriedich foar oansluting by Ruslân. De oerheden fan de measte westerske lannen en fan de Oekraïne hawwe te witten dien dat hja dy referindums as ûnwettich beskôgje.

Poetin sei dat Ruslân oanfallen op de fjouwer gebieten beskôget as oanfallen op Ruslân en dat syn lân se “mei alle beskikbere middels” ferdigenje sil. In probleem dêrby is lykwols dat parten fan ‘e fjouwer provinsjes noch ûnder Oekraynsk bestjoer falle. Poetin sei dat er mei it Oekraynske regear oer frede ûnderhannelje wol.

septimber 30, 2022 15:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.