Pier Bergsma: By de Pomaken yn Bulgarije

septimber 8, 2022 19:27

Kollum

Pomaken yn tradisjonele klaaiïng. Foto © FUEN

Om earlik te wêzen hie ik noch nea fan Pomaken heard. Dochs wenje der in miljoen Pomaken ferspraat oer Bulgarije, Grikelân en Turkije. Ein augustus organisearre de FUEN, de grutste organisaasje fan minderheden yn Europa in kongres fan twa dagen yn Velingrad. Dat plak mei tritichtûzen ynwenners leit sa’n 150 kilometer súdeastlik fan Sofia. Fiif kilometer fierder leit Draginovo en dat is in Pomakendoarp en dêr wiene wy op tongersdeitemiidei 31 augustus en freedtejûn 1 septimber te gast.

Dy wy, dat binne de leden fan de Non Kin Stategroep fan de FUEN. Dat freget om útlis. Earst koart wat oer de FUEN, de Federal Union of European Nationalities. Dy organisaasje waard op 20 novimber 1949 oprjochte yn Paris om de belangen fan de minderheden lykas de Friezen te behertigjen, bygelyks op it mêd fan taal. It earste jierkongres waard begjin july 1950 yn Ljouwert holden. DE FUEN kaam yn 1950, 1965, 2002 en 2018 nochris nei Fryslân. Dy lêste kear wie op útnûging fan de Ried fan de Fryske Beweging yn ferbân mei Ljouwert Kulturele Haadstêd. Der binne op it stuit mear as hûndert organisaasjes út 36 Europeeske lannen by de FUEN oansletten.

It seit himsels dat net elkenien deselde belangen of problemen hat. Yn de Non Kin Statewurkgroep binne de organisaasjes fan de befolkingsgroepen belutsen dy’t net in eigen lân hawwe, lyk as de Ladinen yn Italië, de Sorben yn Dútslân, de Kashuben yn Poalen, de Friezen yn Dútslân, de Pomaken en wy fansels.

Good practice

Pier Bergsma by de Pomaken yn Bulgarije. Foto © FUEN

Wy besykje yn de Non Kinwurkgroep inoar safolle mooglik te stypjen troch ‘good practice’-foarbylden mei-inoar te dielen, want it hat gjin doel om ivich te eameljen oer wat net goed giet. Sa hawwe wy fan ús kant alris sjen litten wat wy dogge mei It Nijs en DE NIJE en wat wy en oaren yn Fryslân dogge om de Fryske taal en kultuer te stypjen. Yn de ‘Good Practice’-brosjuere fan de Ried fan Europa wurdt it Google Translateproject fan de provinsje Fryslân as ien fan de foarbylden besprutsen. De Ried fan de Fryske Beweging wie der sydlings by belutsen.

Yn Velingrad kaam de Bulgaarske ûndersykster Zora Popova te sprekken oer wat se bygelyks dogge foar de Romamienskip yn it ramt fan ‘It house of care for Roma’. Frou Popova hat dat yn opdracht fan de FUEN dien. Meto Nowak, dy’t foar it iepenbier bestjoer fan de dielsteat Brandenburg wurket, û.o foar de Sorbyske minderheid, kaam mei in grut ferslach oer wat om it Sorbysk te fersterkjendien wurdt. It is opfallend hoefolle oft Dútslân foar de minderheden docht, ek finansjeel.

Ik haw der mei Meto oer praat. Hy is neffens my al te optimistysk oer it ûnderwiis yn guon doarpen. Men kin wol rjochten hawwe om jins eigen taal te ûnderwizen, mar as de groep te lyts wurdt, liket my dat net maklik. Ek as der op in skoalle mar in pear bern binne dy’t Sorbysk prate, hoecht dat neffens him gjin probleem te wêzen. Datoangeande haw ik myn twivels, mar tajûn: der is tsjintwurdich mei digitale helpmiddels in soad mooglik.

De Pomaken
De Pomaken dêr’t wy mei yn ’e kunde kamen, hâlde safolle mooglik oan harren eigen tradysjes op it mêd fan klean, leauwe en gewoanten fêst. Se trouwe yn de eigen Moslimmienskip. Mar lykas oeral yn Europa giet it hjir ek. De jongerein dy’t bygelyks yn Sofia studearret, sil foar in part net yn it eigen bertedoarp weromkomme. Op de tongersdeitemiddei brochten wy in besite oan harren kultureel sintrum yn it earder neamde Draginovo. Der wie in optreden fan in sjonggroep. In dei letter wie der feest yn it doarp. Dat begûn de middeis al en waard let de jûns mei in optreden fan dûnsgroepen, muzyk en fjoerwurk ôfsletten. Op de eftergrûn de ferljochte minaret. Sjoch it filmke.

septimber 8, 2022 19:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.