Pier Bergsma: Tony Feitsma, pionier foar it Frysk
Resint ferskynd
Skôging

Foto út it argyf fan de Fryske Akademy
Nei krap trije jier wie it woansdei 14 septimber dan safier dat Liuwe Westra syn biografy oer Tony Feitsma presintearje koe. It is in mânsk boek fan 720 siden wurden op glossy papier en mei in soad foto’s. De presintaasje wie op it troch de Fryske Akademy organisearre trijedeiske kongres ‘On Frisian Humanities’.
Yn de ynlieding op dizze middei oer “De fearkrêft fan it Frysk: Plak en bydrage fan Tony Feitsma yn in spanningsfol fjild fan krêften” sketste foarsitter Alex Riemersma al in byld fan Tony Feitsma: “Sy doarste it oan mei nije en oare eagen nei it Frysk te sjen.” Nea lid fan in tsjerkeried of yn de polityk sitten, wie se benammen in aktiviste op papier en net maklik, mar “Sy hat in soad betsjutten foar de emansipaasje fan it Frysk en foar de emansipaasje fan de frou.”
Nei Riemersma kaam Sigrid Kingma, de Dichter fan Fryslân, oan it wurd oer skriuwen yn it Frysk en Hilda Schram oer twataligens en oerdracht fan de taal tusken âlden en bern mei as net ûnferwachte konklúzje “Wat Frysker de âlden, wat Frysker de bern.”
Muoike of tante
Liuwe Westra hold as leksikograaf in nijsgjirrich en hilarysk ferhaal oer it gebrûk troch de tiid hinne fan de wurden ‘muoike’ en ‘tante’. Hy neamde dêr Douwe Tamminga by. De konklúzje fan Westra fernuvere ús net: “tante hat it wûn.” Dat hie Roel Bergsma jierren lyn al konkludearre mei syn “Lit ús tinke oan âlde tiden. Doe’t ús tante muoike wie”. It Frysk Hânwurdboek út 2008 jout by ‘muoike” 1 <ferâldere> (skoan)suster fan mem of fan heit.
Fan Douwe Tamminga haw ik hjir twa útjeften fan Op ‘e Taelhelling stean. Tamminga skreau twa kear oer ’muoike’. ‘Gysbert-Om en Maeike-Muoi’ yn 1963 en ‘Muoike en Tante’ yn 1973. Spitigernôch binne dy nijsgjirrige taalútjeften nea werprinte.
Op de stuollen leine trije stellingen dy’t Redbad Veenbaas graach yn diskusje hawwe wollen hie nei syn bydrage ‘De wurkgroep Frije Fryske Universiteit: yntellektuelen en plattelân’. Der ûntbruts de tiid foar. Spitich, want it hie grif oanlieding jûn ta petear. Sa pleitet Veenbaas foar in kontaktpersoan dy’t as ynformele en leechdrompelige netwurker elkenien dy’t mei it Frysk te krijen hat byinoar te bringen. Tuskentroch: dat idee is net nij. Ald-foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, Geart Benedictus, kaam in pear jier lyn mei it plan WUB, wat ús bynt. Der is oant no ta neat mei dien. Fierder sjocht Veenbaas in soad kânsen foar de ferbinende rol fan mienskip en wurk. De tredde stelling gie oer in húsfêstingsbelied foar de eigen jeugd.
Syn opmerking yn syn bydrage oer it prosintueel grutte part fan de jongerein yn ús provinsje dat foar it MBO kiest, liket my gjin oanlieding ta noed te jaan. Ommers, wy hawwe mear as ea ferlet fan minsken dy’t mei de hannen wurkje.
Liuwe Westra oer Tony Feitsma
Ik lit Liuwe Westra sels oan it wurd út syn boek: ”Dizze biografy giet oer Anthonia Feitsma…. ien dy’t in soarte fan polarisaasje om har hinne te wei brocht. Of jo koene goed mei har, of hielendal net. Of út har eachweid wei: men hearde by de goeden of by de ferkearden. Dêr siet net sa’n soad tuskenyn.” It boek is “ek in ferhaal fan in tiid: de tiid fan Tony Feitsma, Frysk beweger en heechlearaar Frysk, dy’t libbe fan 1928 oant 2009” (side 12, 13).
Yn 2001 wie it fyftich jier lyn dat Kneppelfreed west hie. By de alternative betinking op it Saailân, organisearre troch de studinteferiening Bernlef út Grins hold Tony in koarte taspraak troch in megafoan. (Side 634): “Fyftich jier lyn libben wy yn de tiid fan de goodwill. As jongerein fan doe moasten wy ús wat katoen hâlde. De Fryske Beweging hie nei de oarloch sa’n soad berikt oan goodwill, dat wy de saak no net bedjerre moasten troch bolbjirkene en domdryske aksjes. Doe kaam kneppelfreed en doe dy bliken dat dy ûnferwachte botsing gâns mear goodwill opsmiet as in hiel soad tuike tuike spyljen fan dêrfoar.”
Nei de útrikking fan it earste eksimplaar oan kommissaris fan de Kening Brok kaam hysels oan it wurd mei: “Wy hawwe ferlet fan sokke minsken.” – Hy bedoelde dwerse geasten as Tony Feitsma – “Minsken binne te braaf, in kommissaris moat altyd braaf wêze” en oer it brûken fan it Frysk: “Net omdat it kin, of omdat it moat, mar omdat it heart”. In moaie ôfsluting fan dizze slagge middei yn in grôtfolle New York 1 seal fan it WTC yn Ljouwert.
Liuwe H. Westra, Pionier foar it Frysk. Libben en striid fan Tony Feitsma (1928 – 2009), Afûk, septimber 2022, € 49,50
Ik les:Nea lid fan in tsjerkeried of yn de polityk sitten,
Dat kloppet yn dy sin net dat Tony Feitsma yn de begjindagen wol degelijk meiwurke hat oan de earste campagne fan de FNP yn 1966. Ik haw der noch in krante-artikel fan.
As reaksje op Sybren Singelsma: “nea yn de polityk sitten” is de gearfetting fan “Tony hat nea lid west fan de gemeenteried of fan Provinsjale Steaten”. Ut soarte wurdt yn de biografy melding makke, dat Tony de FNP rêden hat fan in iere dea en dat sy in skoftlang foarsitter west hat. En yndied: dy foto fan Tony mei in gleske bearenburch út 1966 is nommen doe’t de FNP ien sit yn de Provinsjale Steaten wûn hie.