Pier Bergsma: De gebrûkswearde fan taal

septimber 23, 2022 15:09

Skôging

Somtiden sjitte wurden te koart. Dan mar plaatsjes lykas op Schiphol. Dat is net nij. Ek yn de iere stientiid makken se dêr gebrûk fan. De gebrûkswearde is wichtich foar it oerlibjen fan in taal. Mar taal is mear as gebrûk.

Hynders, bisons en rinoserossen yn de Grotte Chauvet (boarne Wikimedia Commons, lisinsje CC BY-SA 4.0)

In jiermannich lyn wie ik op in kâlde febrewarismiddei yn Valon Pont d’Arc. In soad Friezen sille it plak kenne. Yn de simmer is it der smoardrok en dat is te begripen, want dat toeristeplak oan de Ardêche hat in soad te bieden. It waar is dêr yn it suden fan Frankryk altyd better as yn Fryslân. Men kin der swimme of dy de rivier lâns rinne, mar folle moaier is it om mei in kano de rivier ôf te sakjen. Spannend ek, want it giet betiden need yn de streamfersnellings, en hâld de kano dan mar ris oerein. Tajûn: men fart op drokke tiden yn ’e file, mar as men moarns betiid fuortgiet, falt it ta.

Ik wie foar stúdzje yn Auvergne en op dy dizige en kâlde wintermiddei wie Valon totaal útstoarn en sa stil as ik it noch nea sjoen hie. Wy hiene in ekskurzje nei de Grotte Chauvet. Dy is yn 1994 ûntdutsen en hat mear as trijehûndert ôfbyldings fan bisten lykas bearen en oare bisten dêr’t de yn de stientiid, tsientûzenen jierren lyn, op jage waard. No moat ik derby sizze dat men de grot sels net yn mei, mar der is in part fan neiboud mei in film en tentoanstelling. Wat gelearden benammen dwaande hâldt, is wat de minsken doe bedoelden mei harren tekeningen. It sil grif net allinne ferdivedaasje west hawwe. Woene se mei harren skilderingen de bisten betsjoene? Wat woene se sizze? Want it hat fansels mei kommunikaasje te meitsjen.

Gelearden geane derfan út dat fan de betide stientiid ôf minsken mei-inoar begûnen te praten sa’t wy dat no dogge. Yn hokker taal, dat wite we net. Miskien binne de minskesoarten dy’t der al earder wiene, want dy wiene der grif, útstoarn troch in brek oan taal. De Neandertalers hiene in grutte holle, mar wy wite net wat deryn siet. Taal en kommunikaasje binne needsaaklik foar minsklik oerlibjen. Taal yn de brede sin fan it wurd. Op Skiphol komte men net fier mei de Nederlânske taal. Dêrom wurdt it Ingelsk brûkt, mar ek mei dy wrâldtaal kin it net ta. Sadwaande wurdt der op de moaiste “airport” fan Europa op in hiel tûke manier gebrûk makke fan piktogrammen. It is benammen de gebrûkswearde fan taal dy’t de oerlibbingskrêft oanjout. Dy piktogrammen hawwe in grutte oerlibbingswearde.

Der wurdt in soad skreaun oer meartaligens en it oerlibjen fan talen. Net alle talen sille oerlibje. Op in bepaald stuit komt der in omslachpunt. Dêrnei giet it allinne noch mar efterút. Meartaligen hawwe in streekje foar. Dat jildt benammen foar minsken dy’t mear as twa talen prate. Hoewol: dat moat relativearre wurde. Mear talen prate, hoe wurdt dat bedoeld? Bedoelt men yn it Spaansk telle en betelje kInne, of yn in restaurant wat yn it Spaansk bestelle: “Quisiera probar el vino local”? Of yn Andalusië mei in geiteboer in praatsje meitsje oer syn bestean? Dat makket nochal wat út. Sa’n geiteboer, dat doar ik net oan. Ik haw dus net folle fertrouwen yn minsken dy’t sizze dat se har mei in frjemde taal rêde kenne. Meartaligens giet altyd oer in mjitte fan behearsking fan in oare taal. Sels ientaligen binne net by steat, ek net nei jierren fan stúdzje om alle wurden fan harren eigen taal te kennen. Hoe soe men al dy wurden dan yn in oare taal kenne?

In oar punt dat oer de holle sjoen wurdt, is dat yn de eigen earste taal ek meartaligens bestiet, dat men mear “talen” brûkt. Yn it wurk of op kantoar wurdt oars praat as tsjin in beuker of tsjin de kat en by in begraffenis wurde oare wurden brûkt as in praatsje yn de garaazje oer de reparaasje fan de auto. Nei dy aspekten fan taal is de lêste jierren in soad ûndersyk dien. De útkomsten fan psycholinguïstyk oer it oanlearen en brûken fan taal en sosjolinguïstyk oer it ferbân tusken taal, kultuer en maatskippij toane oan dat mear talen inoar net yn ’e wei hoege te sitten. Mar minsken litte har net stjoere troch wittenskiplike útkomsten. Heechút kin soks brûkt wurde yn belied en kinne beliedsmakkers en politisy der gebrûk fan meitsje.

Jierrenlang is it brûken fan it Frysk beheind bleaun ta eigen doarp of famylje. Pas yn ’e rin fan de foarige iuw koene de wjukken wider útslein wurde yn ûnderwiis, rjocht en bestjoer. Mar benammen troch de tsjintwurdige migraasje en ek troch ekonomyske faktoaren wurdt it Frysk bedrige. Ommers, it Frysk is net needsaaklik om te oerlibjen. Wetten kinne helpe, mar hâlde in úteinlike tebekslach net tsjin. It is foar de Ried fan de Fryske Beweging jier út, jier yn in útdaging om yn dy ûntjouwingen dingen te dwaan dy’t derta dogge. Gelokkich steane wy der net allinne yn.

De minsken fan de moderne tiid hawwe gjin ôfbyldings fan bearen ensafuorthinne mear nedich om oan fleis te kommen. Wa’t lêze kin hoe’t in sjitmasker wurket, kin yn de slachterij de grutste ko yn de koartste tiid dellizze. Mar taal hat no ienris mear wearde as de taal fan it gebrûk. Alle Friezen kinne har mei it Nederlânsk rêde. Wat dat oanbelanget kin it Frysk wol ôfskaft wurde. Mar taal hat ek te krijen mei it ferline, mei ferbining, mei lânskip en minsken. It is just dy ferbining dy’t derfoar soarget dat der sa’n soad talen brûkt wurde. Taal is no ienris mear as saaklike kommunikaasje. Oars hie it Esperanto it wol rêden. It Frysk sil net ferdwine, alteast net yn de kommende hûndert jier. De gebrûkswearde is grut genôch. Wy sille grif yn de fiere takomst net fersile yn in filmke en tentoanstelling oer in útstoarne taal en ûnbegryplike kommunikaasje lykas de taal fan de skilders fan de Grotte Chauvet.

In nijsgjirrich boek oer it ûntstean fan taal is: Rik Smits, Dageraad. Hoe taal de mens maakte. Amsterdam 2009

septimber 23, 2022 15:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.