Organisaasjes stypje oprop ta opbetterjen fan de natuer
Resint ferskynd
Mei in advertinsje fan ien side yn ferskate lanlike deiblêden freegje 64 organisaasjes omtinken foar it opbetterjen fan natuer yn Nederlân. “Wy kinne net sûnder natuer”, skriuwe de organisaasjes, dy’t sizze út namme fan miljoenen Nederlanners te sprekken. Hja roppe it kabinet op om mei de plannen út it koälysjeakkoart oan ’e slach te gean.

Foto: pixabay.com
Under de ûndertekeners binne natuerorganisaasjes as it Wrâldnatuerfûns, Natuermonuminten en de Fûgelbeskerming, mar ek in pear ferkearsorganisaasjes, banken, in boubedriuw en tsjerken ûnderskriuwe de oprop. It giet om ûnder mear de ANWB, Ballast Nedam, ASN Bank, GroeneKerken en reizgersferiening Rover.
Steatsboskbehear hat de oprop net ûndertekene. De grutste natuerbehearder fan Nederlân is as selsstannich bestjoersorgaan by it ministearje fan Lânbou, Natuer en Itenskwaliteit ûnderbrocht en seit dêrom net “netsjes” te finen om de oprop sels te ûndertekenjen.
Neffens de opstellers fan de advertinsje is natuer ûnmisber foar de sûnens en feiligens foar minske en bist, mar stiet de Nederlânske natuer ûnder grutte druk. “Stadichoan ferdwine seldsume, mar ek hiel gewoane planten en bisten út ús lân”, skriuwe se. “Alle jierren wer.” Earder dit jier luts de Rie foar de Libbensomjouwing en ynfrastruktuer in soartgelikense konklúzje. De rie konkludearre doe dat de steat fan de Nederlânske natuer “planút min” is.
Wat der krekt oan natuerferbettering barre moat, skriuwe de organisaasjes net. Hja ferwize nei it koälysjeakkoart, dêr’t ûnder mear plannen yn stean foar omrinlânbou, in “bisteweardige feehâlderij” en stikstofreduksje. It wurd ‘stikstof’ wurdt lykwols net yn de advertinsje neamd.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje