Oargelkonserten op Iepen Monumintedei
Resint ferskynd
Sneon 10 septimber organisearje de Stichting Organum Frisicum ‘it Fryske oargel’ en de stichting Alde Fryske Tsjerken in rige oargelkonserten. Dat bart yn it ramt fan de lanlike Iepen Monumintedei. Trettjin oargels yn monumintale âlde Fryske tsjerken wurde bespile troch fiif konservatoariumstudinten.

Bûtenpost, Mariatsjerke (foto boarne Wikimedia Commons, lisinsje CC BY-SA 4.0)
Der kin keazen wurde út fjouwer rûten dy’t elk trije tsjerken oandogge en ien plak dêr’t trije kear itselde oargel bespile wurdt.
- Bears, Weidum en Jorwert. Oargelist: Jan Hogendoorn
- Olterterp, de Rottefalle en Bûtenpost (Mariatsjerke). Oargelist: Johan Smit
- Wânswert, Hegebeintum en Holwert (Sint-Willibrordustsjerke). Oargelist: Chang Jong Lee (Súd-Koreä)
- Hijum, Britsum en Koarnjum. Oargelist: Gertine Hoefnagel
- Sint-Jabik (Groate kerk; trije konserten). Oargelist: Mirjam Haag (Dútslân).
De begjintiden binne 14.00, 15.00 en 16.00 oere. In konsert duorret sa’n healoere. De oargelist reizget mei. Guon rûten binne te befytsen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje