Njoggentjin (gedicht)

septimber 10, 2022 09:30 Fernijd

Njoggentjin

Yllustraasje: Skelte Braaksma

Njoggentjin… en do barst fan de ambysje,
witst no al hoe’t de wrâld yninoar stekt.
Wy witte hjir neat, do bist de man fan fyzje,
mar thús de hannen yn ’e bûse, dat stekt.

Njoggentjin… op it paad nei ienentweintich,
op it longerjende paad nei folwoeksenheid.
Dan wer op ’t skik, mar faker bisto brimstich.
It paad is net sa maklik, soan, dat foar dy leit.

Njoggentjin… en in bek as in skerpe skjirre,
mei in hâlding fan, hey, hâld jim de kop.
Letter dochst it mar oars, mar net hjirre,
want hjir slaan heit en mem foar master op.

Njoggentjin… no moatsto it sels mar witte,
mem hat al hiel folle jierren har nocht.
Wy sille dy perfoarst net sitte litte,
mar sa hawwe wy dy net opbrocht.

Sander Hoekstra

De dichtbondel Brutsen kostet spesjaal foar de lêzers fan It Nijs en De Nije € 15,00 ynkl. ferstjoerkosten. Mail nei sanderhoekstra@icloud.com.

Yllustraasje: Skelte Braaksma

septimber 10, 2022 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.