Nije útstalling Nymphenburg-porslein yn Grinzer Museum

septimber 19, 2022 08:41 Fernijd

Porsleinkreaasjes út de topkolleksje fan Nymphenburg wurde yn ferrassend nije komposysjes toand mei wurk út de kolleksje fan it Grinzer Museum. Fan sneon 15 oktober ôf te sjen yn it Grinzer Museum: Nymphenburg x Groninger Museum – Porselein, Kunst, Design.

Foto: Arjan Verschoor

Dit jier bestiet Porzellan Manufaktur Nymphenburg út München 275 jier. It bedriuw is ynternasjonaal bekend fanwege de hege kwaliteit porslein. Suver fan foarm en folslein mei de hân makke. Porslein is troch syn ferfine en heechweardige kwaliteit tiidleas en ûnfergonklik, mar tagelyk fragyl en kwetsber.

Healwei de achttjinde iuw hearske yn Europa porsleinkoarts. Hannelslju brochten yn de sechtjinde en santjinde iuw al Aziatysk porslein nei Europa, mar net ien wist hoe’t keramyk makke waard. Doe’t it ‘porsleinresept’ einliks ûntraffele wie, woe eltse kening en keizer him ûnderskiede mei in eigen porsleinfabryk. Dat woe de karfoarst fan Beieren, Maximiliaan III Jozef (1727-1777) ek. Hy rjochte yn 1747 it fabryk op dat al gau bekendheid krige ûnder de namme Porzellan Manufaktur Nymphenburg.

Ynnovaasje, avant-garde, keunst en ûntwerp
De goede namme fan it bedriuw komt foar in grut part troch de mastermodelleurs dy’t troch de jierren hinne harren sinjatuer oan it merk Nymphenburg joegen. Dêrneist hat it bedriuw altyd ynnovatyf west. Mei in avant-gardistyske ûndernimmersfyzje en lange tradysje fan porslein meitsjen, boude it fabryk in fêstige reputaasje yn de keunst- en ûntwerpwrâld op. Nymphenburg is der altyd op út om mei nijsgjirrige, hjoeddeiske keunstners gear te wurkjen om eigentiidsk porslein te meitsjen. Sa wurdt gearwurke mei bygelyks fotograaf Nick Knight, Christian Lacroix en mei de bekende Nederlânske ûntwerpers Hella Jongerius en Viktor & Rolf.

Tematyske en stillistyske ferbannen yn de útstalling
Nymphenburg hat him troch de iuwen hinne oanpast oan feroarjende stylperioaden en tema’s. De fassinaasje foar ûnderwerpen as mytology, minske, natuer en oare kultueren, hat oerienkomsten mei de kolleksje mei in grut ferskaat fan it Grinzer Museum. Objekten út beide kolleksjes wurde neistinoar presintearre yn it Starck-paviljoen. Dy histoaryske en fisuele ferbannen wurde sa op ferrassende wize fierder ferkend.

Kolleksjemeiwurker Marieke van Loenhout en gastkonservator en Nymphenburg-samler John Veldkamp stalden de útstalling gear. It is de twadde gearwurking fan dat twatal, dat ek bekend is fan de suksesfolle útstalling Pronkjewails – Design uit heden en verleden.

Nymphenburg x Groninger Museum – Porselein, Kunst, Design is fan 15 oktober 2022 o/m 15 oktober 2023 te sjen.

septimber 19, 2022 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.