Nije minsken moetsje yn de midsiuwen yn it Frysk Museum
Resint ferskynd
Op freed 30 septimber organisearret it Frysk Museum, yn it ramt fan de Wike tsjin Iensumheid, in nije edysje fan MuseumMetgezel. Minsken kinne in ûnbekende fan in oare generaasje of eftergrûn moetsje. Tegearre kinne se de nije útstalling Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer ûntdekke, en better mei-inoar yn ’e kunde komme oan ’e hân fan prikeljende en ynspirearjende petearstarters. MuseumMetgezel begjint om 14.30 oere en duorret oant 17.00 oere. It dielnimmen is fergees. Kaarten bestelle giet fia friesmuseum.nl/museummetgezel.

Foto: Ruben van Vliet
Spesjaal foar minsken dy’t graach tegearre it museum besytsje, mar gjin museumpartner hawwe, of foar minsken dy’t nijsgjirrich nei in ferrassende moeting binne, organisearret it Frysk Museum MuseumMetgezel. Mei MuseumMetgezel moetsje dielnimmers ien dy’t foar harren hielendal nij en ûnbekend is. Ien fan in oare generaasje, of mei in oare eftergrûn of libbensstyl. Dizze edysje stiet yn it teken fan de útstalling Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer. Dielnimmers komme net allinnich yn ’e kunde mei de midsiuwen yn it noarden, mar ek mei-inoar.
Dielnimmers fan MuseumMetgezel wurde ûntfongen troch meiwurkers fan it museum mei kofje en wat lekkers yn Kafee Thús. Dêrnei besytsje se mei harren selsskipsman of -frou it museum. De middei wurdt feestlik ôfsletten mei in burrel yn Kafee Thús.
Wike tsjin Iensumheid
MuseumMetgezel wurdt holden yn de Wike tsjin Iensumheid (29 septimber o/m 6 oktober). De wike is in inisjatyf fan it Ministearje fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport. Troch de koroanagoarre binne in protte minsken yn in sosjaal isolemint bedarre. Mei MuseumMetgezel wurde nije moetingen en it lizzen fan nije kontakten stimulearre. It is de twadde kear dat it museum sa’n moeting organisearret.
Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer wurdt mei mooglik makke troch it Mondriaanfûns (it publike stimulearringsfûns foar byldzjende keunst en kultureel erfgoed), Prins Bernard Kultuerfûns, Provinsje Fryslân, Wassenbergh-Clarijs-Fontein Stichting, Ljouwerter Undernimmerfûns, Stichting Het Nieuwe Stadsweeshuis en it Old Burger Weeshuis.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje