Nij yn Obe: ‘Ongehoord!’; stean each yn each mei bysûndere ferhalen

septimber 1, 2022 08:37

Ongehoord! fertelt fan 1 septimber 2022 oant 15 jannewaris 2023 it ferhaal fan tweintich bekende en ûnbekende histoaryske persoanen: persoanlike ferhalen, ferhalen dy’t in ynsjoch jouwe yn de maatskippij fan eartiids, ferhalen dêr’t men om laitsje moat of dy’t jin reitsje. Mar boppe-al: tweintich bjusterbaarlike ferhalen.

Boarne: Tresoar

Ongehoord? Ongehoord!
Ferhalen wurde al ferteld sûnt it begjin fan ’e tiden. Wichtige barrens wurde fan generaasje op generaasje trochjûn, tabetroud oan de bledsiden fan persoanlike deiboeken, wiidweidich beskreaun yn brieven oan leafsten. Guon ferhalen binne geheim, oare binne wrâldferneamd. De tweintich ferhalen dy’t fan septimber ôf yn Obe ferteld wurde, binne noait earder ferteld of binne gewoanwei ‘óngehoord’: bjusterbaarlik of singelier yn de tiid dêr’t se yn spylje én yn ús tiid. Yn Ongehoord! wurdt bygelyks it ferhaal fan mem Mata Hari ferteld, en it ferhaal fan in jonkje fan fiif dat op ’e flecht wie foar de oarloch…

Mem Mata Hari
Wol bekend is grif it ferhaal fan Mata Hari, de eksoatyske dûnseres dy’t yn de Earste Wrâldoarloch beskuldige waard fan spionaazje en dat mei har libben bekeapje moast. Mar Margaretha Geertruida Zelle wie folle mear as dat. Se wie in leafhawwende mem dy’t ôfgryslik fan har famke Nonnie hâlde en neat leaver woe as by har wêze. Mar dêryn waard se tsjinwurke troch har eks-man. Yn in bondeltsje brieven, oan Tresoar skonken en dêr bewarre, spat har hertsear fan it papier. It jout ynsjoch yn har fertriet en har fruchteleaze striid om in goed libben foar harsels en lytse Nonnie te kreëarjen.

Fryslân as taflechtsoarde
En dan it ferhaal fan de jonge flechtling. Fryslân hat troch de iuwen hinne foar in soad minsken in taflechtsoarde west: yn de Tachtichjierrige Oarloch flechten in soad lju dy’t der oars oer tochten nei it noarden en yn ’e 17de iuw kamen in soad protestantske Hongaarske studinten nei Fryslân om teology te studearjen oan de Universiteit fan Frjentsjer. Yn de Twadde Wrâldoarloch bea Fryslân oan in soad (al of net Joadske) folwoeksenen en bern in skûlplak en ek no is Fryslân foar flechtlingen út bygelyks Oekraïne en Syrië in feilich plak. Yn de Earste Wrâldoarloch wie dat net oars. Yn Ongehoord! is it ferhaal te ûntdekken fan lytse Fernand, dy’t as jonkje fan fiif België ûntflechtsje moast. De bân mei de húshâlding dy’t him doe opheind hat, waard sa sterk dat er dêr syn hiele libben lang waarme kontakten mei ûnderhold.

20 jier Tresoar – 20 ferhalen
Ongehoord! fertelt net samar tweintich ferhalen, want Tresoar bestiet dit jier 20 jier. De kulturele produksje is dêrom in earbetoan oan alle ferhalen dy’t Fryslân en Tresoar ryk binne. Mei Ongehoord! jout Tresoar jin in glimp yn de skatkeamer fan Fryslân. Tresoar hopet dat besikers ynspirearre reitsje troch de ferhalen en nûgje minsken út om ek séls yn de argiven op ûntdekkingstocht te gean.

Sjoch foar mear ynformaasje op tresoar.nl.

septimber 1, 2022 08:37
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.