Nij fotoboek fan Evert Wilstra mei twatalige gedichten fan Jochum Rijpma oer Noarderleech

septimber 21, 2022 08:29

Noarderleech unyk poëtysk lânskip / uniek poëtisch landschap

It Noarderleech is ien fan Europa’s grutste kwelders en wurdt sjoen as tige wichtige natuer foar Europa. Yn ’e rin fan ’e jierren hat fotograaf Evert Wilstra prachtige foto’s makke fan dat 4200 hektare grutte natuergebiet, dat ek ûnderdiel is fan UNESCO Wrâlderfgoed Waadsee. Jochum Rijpma lit ús fia de taal de leechte, it moaie ljocht en it nachtlik tsjuster fan it gebiet fiele.

Foto: Evert Wilstra, boarne: Afûk

Oer de fotograaf 
Evert Wilstra (Beetstersweach, 1951) is fotograaf en âld-fierljepkampioen. Hy lit mei syn foto’s in ympresje fan it lânskip sjen, mar ek de ferbining tusken it lânskip, de natuer en de keunst. Earder ferskynde wurk fan Wilstra yn Auke Rauwerda – afscheid van de binnenstad. 

Oer de dichter 
Jochum Rijpma (Bears, 1948) is eko-campingboer op de Swetteblom, taalleafhawwer en eartiids tsjoender fan tongestreakjende suvel. Unrjocht, himsels of in oar oandien, kin er min oer. De pinne helpt him om dat wer rjocht te breidzjen. Tagelyk hat er nocht oan ûnnocht om sa de fleur deryn te hâlden.

Presintaasje 
De feestlike oanbieding is op tongersdei 22 septimber fan 13.00 – 14.00 oere op it stedhûs fan Dokkum. Boargemaster Johannes Kramer sil dan it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme.

Boekgegevens 
Noarderleech, unyk poëtysk lânskip / uniek poëtisch landschap | Fotograaf: Evert Wilstra | Dichter: Jochum Rijpma | Oersetting: Syds Wiersma | Utfiering: papieren omkaft | ISBN: 978 949 315 9877 | Tal siden: 96 | Ferkeappriis: € 17,50

septimber 21, 2022 08:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.