Nederlânsk Wrâlderfgoed yn Van Nellefabryk Rotterdam

septimber 23, 2022 08:51

Het Klokhuis organisearret, yn gearwurking mei Stichting Werelderfgoed Nederland, op 8 oktober 2022 de Klokhûs Wrâlderfgoeddei yn it Van Nellefabryk yn Rotterdam. In dei fol aktiviteiten en wurkateliers fan de tolve wrâlderfgoedobjekten yn Nederlân, unike rûnliedingen troch it fabryk, moetinten mei de Klokhûspresintatoaren én de premjêre fan fjouwer nije Klokhûs-ôfleveringen oer Wrâlderfgoed.

 

Janouk Kelderman (foto: NTR)

De twa nije gesichten fan it Klokhûs, Tirsa With en Serah Koorevaar, wurde oan it publyk foarsteld. De tagong is fergees en der wurde pindelbussen ynset nei it Van Nellefabryk fan Schiedam sintraal stasjon en Rotterdam sintraal stasjon ôf, ek fergees.

De dei wurdt iepene troch boargemaster Aboutaleb en de berneboargemaster fan Rotterdam. Minister Carlson Manuel fan Curaçao is ek oanwêzich. Boris van der Ham, foarsitter fan de Stichting Wrâlderfgoed Nederlân, makket bekend hokker plak yn Nederlân útroppen wurdt ta ‘Klokhûs Wrâlderfgoed’. Nederlân hat mar leafst tolve troch Unesco erkende Wrâlderfgoedobjekten, dy’t allegear op in bysûndere wize it ferhaal fertelle wêrom’t se unyk yn ’e wrâld binne. Dy objekten binne oer Nederân ferspraat, mar by de Klokhûs Wrâlderfgoeddei kinne besikers op ien plak mei alle tolve yn ’e kunde komme.

Besikers kinne in fegetaryske oester, in Skokkermop, in Paupersopke en oare snobberijen út (de omkriten fan) de Wrâlderfgoedobjekten priuwe. Se kinne in rûnlieding troch it yngenieuze Van Nellefabryk krije, dat as ‘ideaal fabryk’ fol mei deiljocht ek ta it Wrâlderfgoed heart. En se kinne de Klokhûspresintatoaren moetsje, mei harren op ’e foto komme en úthearre oer harren ûnderfiningen en ûntdekkingen by it meitsjen fan de Wrâlderfgoedsearje.

Trije ôfleveringen oer nije objekten fan Wrâlderfgoed (Koloanjes fan Woldiedigens, Neder-Germaanske Limes, Hollânske Wetterlinys) geane op de Klokhûs Wrâlderfgoeddei yn premjêre en de Klokhûs-ôflevering oer ‘Wat is Wrâldergoed?’ wurdt dan foar it earst fertoand. Dy nije ôfleveringen binne fan 12 oktober ôf op NPO Zapp te sjen.

Nij Klokhûs Wrâlderfgoed?
De sjoggers fan it Klokhûs binne de ôfrûne wiken útdage om nei te tinken oer wat sy it moaiste plak, natuergebiet of gebou fine en dat foar te dragen as ‘Klokhûs Wrâlderfgoed’. De ynstjoeringen wiene sa ferskillend as Nederlân sels. Hokker plak wurdt de winner? De winner wurdt keazen troch in saakkundige sjuery, en op de Klokhûs Wrâlderfgoeddei troch Boris van der Ham buorkundich makke.

Wrâlderfgoed yn Nederlân
De tolve troch Unesco erkende Wrâlderfgoedobjekten binne: Neder-Germaanske Limes, Koloanjes fan Woldiedigens, Hollânske Wetterlinys, Van Nellefabryk, Grêftegurdel fan Amsterdam, Waadsee, Rietveld Schröderhûs, Drûchmakkerij De Beemster, Ir. D.F. Woudagemaal, Willemstêd op Curaçao, Mûnekompleks Kinderdijk-Elshout en Skoklân en omkriten.

De hiele rige is werom te sjen fia www.hetklokhuis.nl/werelderfgoed.

Wannear en wêr:
Sneon 8 oktober fan 10.00 oere ôf yn it Van Nellefabryk Rotterdam

Oanwêzige presintatoaren:
Nizar el Manouzi, Janouk Kelderman en Pascal Tan + de twa nije presintatoaren dy’t foarsteld wurde.

septimber 23, 2022 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.