Missy slagge: sonde NASA slacht yn op romterots
Resint ferskynd
- Frysk, Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamintsk krije ekstra jild 0
- FryslânDOK ‘It smelle paad’: kuierrûte by tsjerken lâns 0
- Evenemint oer minderheden en taalrjochten yn Glasgow, Skotlân 1
- Presintaasje streektalemanifest ‘Prachtig plat’ 0
- Podcastsearje Jongfryske Mienskip ôflevering 3: Herman van Vliet 1
De Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA is deryn slagge om in romtesonde mei hege faasje op in romterots botse te litten. Mei de botsing wurdt de koerts fan de romterots feroare, mar hoefolle krekt moat de kommende tiid bliken dwaan.

Foto: NASA/Johns Hopkins APL
De NASA ûndersiket mei de romtetest oft sa’n meneuvel de koerts feroarje kinne soe fan in planetoïde dy’t op ierde yn driget te slaan. “It wie tige spannend”, seit Michel van Pelt fan de Europeeske romtefeartorganisaasje ESA. “Elkenien wit wat de bedoeling is, mar oft it ek slagje soe bleau spannend. Te sjen wie dat de ploech de lêste fiif minuten oerein stie en neat mear dwaan koe.” Uteinlik gie de botsing sa’t er pland wie, om 01.14 oere Nederlânske tiid. “No begjint de wittenskip”, sei Lori Glaze fan de NASA nei’t dúdlik wurden wie dat de rots rekke wie. “No sille we echt sjen hoe doeltreffend wy west ha.”

Foto: NASA/Johns Hopkins APL
It is foar it earst dat test wurdt oft de ierde sa ferdigene wurde kinne soe. DART, dat stiet foar Double Asteroid Redirection Test, waard dêrfoar yn novimber 2021 lansearre. DART botste mei sa’n 20.000 kilometer yn ’e oere. It eksperimint hat alles byinoar 325 miljoen dollar koste. Neffens wittenskippers binne ‘wy’ mei de test op ’e tiid. De driging fan in hiele grutte ynslach op ierde is foarearst net sa grut, neffens rûzing. Fan alle asteroïden dy’t ticht by de ierde harren rûntsjes om ’e sinne draaie, sil der kommende iuw net ien grutter as 140 meter ynslaan. De NASA tekene dêrby wol oan dat de helte fan alle planetoïden noch net bekend is, en dat ek lytsere rotsblokken noch flinke skea oanrjochtsje kinne.
De Europeeske romtefeartorganisaasje ESA stjoert oer twa jier in sonde nei de romterots om krekter te besjen wat de skea is. “Dy komt op presys itselde plak oan”, seit Van Pelt fan ESA, dy’t by de missy behelle is. “Dy sonde sil dan fan tichtby sjen kinne wat der krekt bard is, lykas dingen dy’t fan de ierde ôf net te sjen binne. Bygelyks hoefolle materiaal oft út de rots sketten is.”
Besjoch in film fan NASA:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje