Merktekens midsiuwsk swurd ûntdutsen by restauraasje
Resint ferskynd
By de tariedingen foar de nije útstalling Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer: de midsiuwen yn it Noarden binne net earder waarnommen ynskripsjes ûntdutsen by in swurd út likernôch 1200-1400. De fynst waard dien troch it restauraasjeatelier fan Paulien Kaan yn Oostwold. Nei alle gedachten giet it om merktekens fan de hillige trije-ienheid ‘OOO’, in symboal foar de heit, de soan en de hillige geast. It swurd wurdt sûnt sneon 10 septimber yn it Frysk Museum útstald.

Foto nei de restauraasje (kolleksje Keninklik Frysk Genoatskip, foto: Paulien Kaan)
As tarieding op de nije útstalling liet it Frysk Museum ferskate swurden, dolken en muntskatten út it depot restaurearje. De merktekens waarden oantroffen op in saneamd ‘oardelhannich’ swurd dat by graafwurksumheden yn it Keningsdjip by de Poasbrêge, súdeastlik fan Olterterp fûn is. It komt faker foar dat de klinge fan dat soarte fan swurden gravearre is, en sokke religieuze tekens komme goed oerien mei it eartiids tige religieuze Tota Frisia. Restaurator Paulien Kaan is tige optein: “Wat in aardige ûntdekking, hen! Dat is no krekt wat myn fak sa moai makket.”

Foto foar de restauraasje (kolleksje Keninklik Frysk Genoatskip, foto: Paulien Kaan)
Statussymboal
Konservator Diana Spiekhout fertelt: “In swurd is foar de midsiuwske kriger de kening fan de wapens. Wa’t in goed swurd hawwe woe, moast djip yn ’e ponge taaste, want inkeld de bêste smidden wiene by steat om in goede klinge te meitsjen. Swurden binne net allinnich wapens, se binne ek statussymboalen. It swurd fan de Poasbrêge is dêrom tige nijsgjirrich. Wat betsjutte de tekens op ’e klinge? Wy tinke by de OOO-ynskripsje, dy’t mooglik mei goud ynlein wie, oan de trije-ienheid. Om mear dúdlikens oer it foarwerp te krijen, sille wy fierder ûndersyk dwaan. Dat sil him net allinnich op ’e fysike skaaimerken fan it swurd rjochtsje, mar ek op ’e betsjutting fan sokke wapens yn ’e trettjinde- en fjirtjinde-iuwske mienskip fan Noard-Nederlân.”

Foto nei de restauraasje (kolleksje Keninklik Frysk Genoatskip, foto: Paulien Kaan)
Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer
Fan 10 septimber 2022 oant en mei 7 maaie 2023 presintearret it Frysk Museum Frijheid, Fetes, Fagefjoer: de midsiuwen yn it Noarden. De útstalling toant nije wittenskiplike ynsjoggen oer de mienskip fan it noarden yn ’e folle en lette midsiuwen. It Fryslân fan doe (Tota Frisia) rûn fan de hjoeddeiske provinsje Fryslân oant de Wezer yn it Dútske Eastfryslân. Yn tsjinstelling ta oare plakken yn Europa bestjoerden de Friezen harsels, keazen se har eigen rjochters, hiene se in eigen taal en in eigen karakteristike klaaiïng. Oan ’e hân fan de rike archeologyske kolleksje midsiuwske foarwerpen fan it Frysk Museum, oanfolle mei (ynter)nasjonale brûklienen, komt de eigensinnige, ferdwûne wrâld fan Fryslân tusken 1067-1567 ta libben. De grutte útstalling slút naadleas oan op it heechwurdearre Wy Wytsingers yn 2019.
De útstalling wurdt mei mooglik makke troch it Mondriaanfûns (it publike stimulearringsfûns foar byldzjende keunst en kultureel erfgoed), Prins Bernhard Kultuerfûns, Provinsje Fryslân, Wassenbergh-Clarij-Fontein Stichting, Leeuwarder Ondernemersfonds, Stichting Het Nieuwe Stads Weeshuis en it Old Burger Weeshuis.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje