Merk Fryslân organisearret online gearkomsten oer duorsumens yn toeristyske sektor

septimber 15, 2022 08:35 Fernijd

Ein septimber binne de SDG Action Days, in lanlik evenemint om mear omtinken te generearjen foar de duorsume ûntwikkelingsdoelen fan de Feriene Naasjes. Merk Fryslân hat it inisjatyf nommen om yn dat ramt fergeze, online middeissesjes te organisearjen foar elkenien dy’t yn ’e toeristyske sektor wurket. Dy sektor is folop yn beweging en leveret in positive bydrage oan de duorsume transysje.

Foto: ©Theo de Witte

Tusken tiisdei 27 septimber en woansdei 5 oktober binne der fjouwer sesjes, fan 12.00 oant 13.00 oere. Yn dy oere kinne dielnimmers ûnder it middeisiten sjen en harkje nei in nijsgjirrich petear tusken ferskate gastsprekkers oer in ‘duorsum ûnderwerp’ dat kânsen foar de gastfrijheidssektor biedt.

Brede wolfeart, bioferskaat en fergriening
It programma foar de middeissesjes is opset yn gearwurking mei Feriening Sirkulêr Fryslân. Elkenien dy’t belangstelling hat kin fergees oanslute, troch him oan te melden fia www.friesland.nl/sdgactiondays. Ien fan de sprekkers is Lodewijk Hoekstra, telefyzjetúnman en ambassadeur fan NL Greenlabel. Hy jout ynfolling oan in sesje spesifyk oer bioferskaat en it fergrienjen fan toeristyske bedriuwen. Klaas Sietse Spoelstra, direkteur fan Nij Sicht, buro foar strategyske feroaring, en ûnder oare inisjatyfnimmer fan it Minstearje fan de Takomst, komt ek del. Hy giet yn op de brede wolfeart; om balâns te sykjen tusken wolfeart en wolwêzen binnen ekologyske grinzen foar bewenners en besikers.

Tips foar duorsumer reizgjen
Yn dyselde perioade is der in fideokampanje rjochte op fakânsjegongers om mear bewustwêzen foar in duorsume fakânsje te kreëarjen. De ynstek is om in brede groep te ynspirearjen: foar in part de groep dy’t al foar duorsumere opsjes kiest en tagelyk de groep dy’t dêr noch net safolle mei dwaande is. Yn ’e kampanje wurde tips jûn om duorsumer te reizgjen, te iten by restaurants mei ferskate lokale gerjochten, te sliepen op in plak dêr’t minder enerzjy brûkt wurdt en sels aktyf te wêzen troch bygelyks yn ’e fakânsje ôffal te jutten.

It hiele programma is te finen op www.friesland.nl/sdgactiondays.

septimber 15, 2022 08:35 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.