Meldpunt Fryske Taal foarsjocht yn ferlet
Resint ferskynd
Friezen binne en bliuwe skerp op it brûken fan it Frysk troch alderhande ynstânsjes. Dat docht bliken út de opbringst fan it Meldpunt Fryske Taal fan de provinsje Fryslân. Yn de ôfrûne twa jier kamen der 52 meldingen yn fan net of ferkeard brûken fan it Frysk yn ferskate uteringen. De donorfolder en de koroanaynformaasjefolder fan it Ryk kamen bygelyks yn ferskate talen út, mar net yn it Frysk.

Foto: Provinsje Fryslân
It Meldpunt Fryske Taal waard yn maaie 2020 iepensteld. Friezen dy’t fan betinken binne dat ynformaasje fan oerheden ûnterjochte net yn it Frysk beskikber is, of dat se behindere wurde yn it brûken fan it Frysk op plakken dêr’t se Frysk prate kinne soene, kinne dêr melding fan meitsje.
De measte meldingen dy’t ynkomme, geane oer it net brûken fan it Frysk troch oerheidsorganisaasjes. Dat giet om sawol Fryske oerheidsorganisaasjes as de Ryksoerheid. Gauris giene de meldingen oer ferkeard gebrûk fan it Frysk. In pear minsken melden dat se fûnen dat der te folle Frysk brûkt wurdt.
Deputearre Sietske Poepjes is wiis mei de resultaten: “Wy hawwe mear meldingen krigen as dat wy yn it foar ferwachte hiene en dat betsjut dat Friezen harren taal belangryk fine. Dat is goed om te sjen. Wy kinne ek konkludearje dat we trochgean moatte mei omtinken te freegjen foar in goed gebrûk fan it Frysk en dat dogge we dan ek. Yn alle gefal fan it Ryk meie we ferwachtsje dat se it Frysk brûke: dêr hawwe wy konkrete ôfspraken oer makke yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. ”
Fan de 52 meldingen wie de helte algemien fan aard, lykas in komplimint of in fraach oer it Frysk. De oare helte gie oer meldingen oer it Ryk (19%), de media (12%), de provinsje (7%), oare oerheden (6%) en de GGD (6%). De measte melders fregen om in ferfolchaksje. De provinsje socht dêr kontakt foar mei de oanbelangjende ynstânsjes.
Der stiet dat guon minsken ek melden dat der neffens har tefolle Frysk brûkt wurdt. Dan meie se fansels sizze, mar omdat it Meldpunt ûnder de provinsje falt, meie sokke meldingen net as mooglike diskriminaasjegefallen registrearre wurde.
Dat komt troch it Ramtferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden, dêr’t Nederlânske oerheden har oan hâlde moatte. Dat seit dat maatregels dy’t de emansipaasje fan de nasjonale minderheid (= de Friezen) befoarderje net as diskriminaasje beskôge wurde moatte. Sjoch kêst 4 lid 2 en 3 foar de letterlike tekst.
It Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden ken ek sa’n klausule. Sjoch Diel II kêst 7 lid 2 en wol de twadde helte.
De Partijen ferplichtsje harren ta it weinimmen, as sy dat noch net dien hawwe, fan alle
ûnrjochtfeardige foarmen fan ûnderskied, útsluting, beheining of foarkar oangeande it brûken fan in
regionale taal of taal fan in minderheid en dy’t as doel hawwe it yn stân hâlden of it ûntwikkeljen
fan sa’n taal te ûntmoedigjen of yn gefaar te bringen. It oannimmen fan bysûndere maatregels yn it
foardiel fan regionale talen of talen fan minderheden, bedoeld foar it befoarderjen fan gelikensens
tusken de brûkers fan dy talen en it oare part fan de befolking, of wêrby’t nei behearren rekken
hâlden wurdt mei harren spesifike omstannichheden, wurdt net as diskriminearjend optreden
beskôge tsjin de brûkers fan mear algemien brûkte talen.