Mei-inoar nei de lânbou fan de takomst
Resint ferskynd
- Basisskoalle wint Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 0
- Emosjonele spiler lit Dútske plysje útride 0
- Roman oer bline rjochter en dokter, dy’t berntsje út bûtenlân adoptearje wolle 0
- Ryk draacht by oan it projekt Fersterkjen Fryske Iselmarkust 0
- Yndiaaske amtner lit 2 miljoen liter wetter fuortpompe om mobyl werom te finen 1
Ferslach fan Arjen Dykstra
Nei ôfrin fan de Slach-by-Warnsbetinking wie der noch in foarumdiskusje oer de takomst fan de lânbou. Yn it panel sieten Bearn Dykstra (de iennichste noch aktive melkfeehâlder op it klif), Wilbert Boersma (geitehâlder en soarchboer) en Henk de Boer, wethâlder agraryske saken yn Súdwest-Fryslân. Yn de diskusje waarden stellingen fan Albert van der Ploeg behannele.

Foto: Arjen Dykstra
Neffens Van der Ploeg moatte wy ta nei in grûnbûne omrinlânbou. Dêr’t bou kin, hearre gjin greiden, want bou is folle effisjinter. Wat fan de bou komt, kinst direkt ite. Soest as regio ek selsfoarsjennend wêze moatte. Dêrneist is iten in earste libbenseask, krekt as enerzjy, drinkwetter en soarch. Dat soest net oan de merk oerlitte moatte, mar oan de oerheid.
Bearn Dykstra melkt 199 kij en fynt sels dat er grûnbûn wurket. Hy is it net iens mei Van der Ploeg. Spesjalisaasje wurket neffens Dykstra krekt goed. Yn Fryslân kinne wy effisjint in soad en kwalitatyf goede molke produsearje. Oar iten kin dan maklik earne oars wei komme. Lit elts gebiet yn de wrâld dwaan dêr’t it goed yn is. As boer moatst gewoan goed fan it bedriuw libje kinne en ek in sosjaal libben hawwe. Dat sjocht er mei de ideeën fan Van der Ploeg gewoan net foar him.
Wilbert Boersma sjocht wol wat yn mear lytskaligens en yn regionaal buorkjen. Boersma is lid fan koöperaasje Frij Fryslân (www.frij.frl). Dy wol ûnder mear ynwennerspartisipaasje stimulearje, dêr’t ynwenners yn de regio fan de boer in belang yn it boerebedriuw by krije kinne. Dêr stiet dan in lytse fergoeding foaroer. Foar him stiet foarop dat Fryslân wer fan syn ynwenners wurdt en dat de boeren net langer yn ’e tange fan de banken sitte moatte.
Wethâlder Henk de Boer wiist op it belang fan de konsumint. Dy soe eins mear betelje moatte wolle foar in kwaliteitsprodukt, sadat ús boeren ek in goed libben hawwe en romte krije om harren bedriuwsfiering sa nedich oan te passen. Mei de seal wurdt lykwols fêststeld dat it iten no foar guon minsken al net mear te beteljen is. Mear jild foar it produkt liket op dit stuit dus net de oplossing te wêzen.
De dielnimmers fan it foarum binne it net mei-inoar iens oer hoe’t de transysje nei in oare lânbou oanpakt wurde moat. In pankleare oplossing, dêr’t elts him yn fine kin, is der noch net. Wol binne se it ienriedich iens dat de oerheid respektfol omgean moat mei de lânbousektor en earlik fertelle moat wêrom’t dy feroaring der komme moat.
Grûnbûn! Dat beart nuver. Grûnferbûn faaks?