Mearsidige keunstrûnte De Ploeg eksposearret yn De Lawei

septimber 7, 2022 08:41 Fernijd

Keunstnersselskip De Ploeg út Grinslân presintearret him mei in grutte útstalling yn De Lawei fan 24 septimber oant en mei 20 novimber. Fyftjin keunstners toane dêr sa’n fyftich wurken dy’t wat technyk en ûnderwerp oanbelanget tige faninoar ferskille. Elk foar oar jout in persoanlike ynfolling oan it tema ‘ferstille beweging’. It resultaat is in eksposysje fol fariaasje en kleur.

‘Verstilling’, 2022, fan Joke Klaveringa (boarne: De Lawei)

Fariearre en persoanlik
Ferstille beweging, ynjûn troch it stilfallen fan alle kulturele aktiviteit fanwege koroana, is in ûnderwerp dêr’t men alle kanten mei op kin. It ynspirearret bygelyks Marloes Buigel Boering ta ferlitten lânskippen yn swarte inket op papier. Josefien Alkema stelt in op ’e boskrâne lykjende wandskulptuer gear út fragminten fan âlde tekeningen. Annelies Gommer skilderet fotorealistyske wjerjeften fan ferlitten gebouwen yn in stedsomjouwing en Reinier van den Berg makket hast naïve lânskippen mei griene loften, blauwe beammen en reade wolkens. De eksposearre wurken binne tige ferskillend en persoanlik. “As keunstner beweecht men jin meastal yn in hiel eigen wrâld en troch sa’n tema stapt men dêr ris út”, seit keunstskilder Aly van der Wal. “Ferdjippest dy yn dingen dêr’tst oars oan foarbyrinst. Ik fyn dat tige ferrykjend foar myn eigen wurk. En dat jildt foar ús allegear. Wy kinne ússels boppedat skerpje oan in oar syn ideeën en ynfalshoeken.”

‘Terpje met kerk’ fan Dik Breunis (boarne: De Lawei)

Ferbining
De keunstners fan De Ploeg folgje harren eigen wei, hja hawwe elk in eigen byldtaal, in eigen idioom. Dêryn ferskille se bot fan de keunstners dy’t De Ploeg hûndert jier lyn oprjochte hawwe. Dat wiene de earste ekspresjonisten yn Noard-Nederlân en dy joegen tusken 1918 en 1928 in nije ympuls oan it keunstlibben hjir. Wat se mei-inoar mienskiplik hawwe, is it ferlet om inoar te moetsjen en te ynspirearjen. De ferbining ûnderinoar stiet sintraal, sawol doe as no.

Besikersynformaasje
De eksposysje is te besjen yn ’e eksposysjeromte fan De Lawei. Dy is fan 24 septimber ôf iepen op tongersdei o/m snein fan 14.00 oant 17.00 oere. Foarôfgeand, yn it skoft en nei ôfrûn fan foarstellingen yn Skouboarch De Lawei is de eksposysjeromte ek te besytsjen.

‘Utrecht pilaren winkelcentrum’, 2019, fan Annelies Gommer (boarne: De Lawei)

Iepening
De earste iepenstelling fan de eksposysje Verstilde beweging – tagelyk de start fan it nije keunstseizoen – is op sneon 24 septimber fan 16.00 oant 20.00 oere. Jan Ketelaar, direkteur fan arbeidskollektyf Potzenmakerij Ketelaar yn Drachten, sil om 17.00 oere de eksposysje offisjeel iepenje. Der stiet wat te iten en te drinken klear en de keunstners fan De Ploeg sille sels ek oanwêzich wêze. Oanmelde foar de iepening kin fia www.lawei.nl/beeldendekunst.

De dielnimmende keunstners fan De Ploeg binne:
Josefien Alkema, Silvia Benniks, Reinier van den Berg, Dik Breunis, Marloes Buigel Boering, Marjan Cornelius, Harriet  Geertjes, Annelies Gommer, Arien de Groot, Marten van Holten, Lydia Jonkman, Joke Klaveringa, Geert Schreuder, Mary  Velthoen en Aly van der Wal.

Wurk fan Mary Velthoen (boarne: De Lawei)

septimber 7, 2022 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.