Mear grien troch Geveltúndei en Aksje Stienbrek yn Noardeast-Fryslân

septimber 27, 2022 08:39

Minder stoepetegels, mear blommen en planten. Dat wie it doel fan Geveltúndei en Aksje Steenbreek, dy’t op tongersdei 22 septimber holden waarden. Op ferskate plakken yn Noardeast-Fryslân waarden troch bewenners geveltúntsjes oanlein en tegels ynruile foar grien, mei help fan de gemeente en lokale kwekers.

Wethâlder Aant Jelle Soepboer (foto: Sake Beerstra)

Wethâlder Aant Jelle Soepboer trape de aksje ôf yn Boerum: “Yn in tiid fan grutte fraachstikken oangeande wetterbehear en klimaat binne dit lytse leechdrompelige aksjes dy’t in grutte wjerslach hawwe kinne en ek nochris hiel moai lykje. Wy binne bliid dat we dit as gemeente stimulearje kinne en dat minsken der gebrûk fan meitsje. Wy hoopje de aksje noch fierder útwreidzje te kinnen troch de hiele gemeente hinne.”

Aksje útwreide nei de doarpen Boerum, Ferwert, Hallum, Holwert en Kollum
Ferline jier waard de binnenstêd fan Dokkum mar leafst sechtjin geveltúntsjes riker. Nei in protte positive reaksjes op dy edysje fan de Geveltúndei waarden hieltyd mear ynwenners, ferspraat troch de gemeente, entûsjast oer de aksje. Dit jier sleaten fiif ekstra doarpen oan. It wie wer in grut sukses. De gemeente hopet takom jier op noch mear oansluting fan oare doarpen.

Foto: Gemeente Noardeast-Fryslân

Allegear mei-inoar de hannen út ’e mouwen stekke
Ynwenners fan dy doarpen koene kieze om in geveltún oan te lizzen of ferhurding út de tún te heljen. By de Geveltúnaksje hat de bûtentsjinst fan de gemeente Noardeast-Fryslân holpen om de ferhurding derút te heljen. De bewenners koene sels harren eigen plantsjes útsykje en tsjin koarting by de túnker keapje. By Aksje Stienbrek hawwe bewenners sels op eigen terrein de befluorring fuorthelle en hat de gemeente harren mei túngrûn fasilitearre. Mei in bon koene bewenners âlde befluorring nei de miljeustrjitte ôffiere en dêrnei plantsjes tsjin koarting by de túnker keapje.

Foto: Gemeente Noardeast-Fryslân

Wat is in geveltún?
In geveltún is in smelle grienstripe by de gevel fan in gebou lâns yn it ‘ferstienne’ strjitbyld. Mear grien yn ’e strjitte draacht by oan it fergrutsjen fan it bioferskaat. It fleuret net allinnich de strjitte op, mar ek de minske.

Wat is Aksje Stienbrek?
It is wichtich om de libbensomjouwing en de tunen mear te fergrienjen. Minder ferstienning jout minder hjittestress. Grien absorbearret waarmte. Grien hat in spûnswurking en nimt focht op en dêrtroch streamt himelwetter net fuortdaliks nei it rioel, mar wurdt it fêstholden, sadat it langer beskikber bliuwt foar it woartelstelsel fan planten en beammen. Dêrneist wurdt it grûnwetterpeil wer op natuerlike wize oanfolle. Dêrom slút de gemeente by de aktiviteiten fan de lanlike stifting Steenbreek oan. Dy stifting hat as missy om ynstee fan stiennen en tegels wer mear grien yn ’e omjouwing te bringen. Mear ynformaasje stiet op www.steenbreek.nl.

Minder stien is mear grien
Koartsein: mear geveltúntsjes en minder ferhurding yn ’e tunen drage posityf by oan klimaatferoaring. Mear grien soarget derfoar dat reinwetter makliker fuort kin. De planten nimme boppedat CO2 op, en dêrtroch is de lucht skjinner as it waarmer wurdt. En it soarget foar ferkuolling yn ’e omjouwing. De gemeente Noardeast-Fryslân sjocht al út nei de neikommende aksjedei yn 2023, dat der noch mear doarpen oanslute meie.

septimber 27, 2022 08:39
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric septimber 27, 09:49

    Makelaars en projektûntwikkelders litte ornaris standert tegeltunen oanlizze, lyksa de wat rikere lju.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.