Mânske ierdskok makket Grinslanners kjel

septimber 9, 2022 13:04

Op ‘e dei dat âld-minister Henk Kamp troch de Twadde Keamer yn it ferhoar nommen waard oer de ierdskokken troch gaswinning yn Grinslân, waard dy provinsje fannijs wekker skodde. De ierde yn it noardeasten fan ‘e buorprovinsje trille gâns: de skok hie in krêft fan 2,3 op ‘e skaal fan Richter.

It skodzjen die him fannacht om tweintich foar trijen foar. Minsken yn Uthuzen en omkriten diene te witten dat harren hûs en alle húsrie beweegde. In frommeske beskreau it as rôle der in weach ûnder it hûs troch.

Janny Hofman, dy’t fannacht wurkje moast yn it ierkskokgebiet, sei tsjin RTV Noord: “Mijn collega vroeg wat het was, dus ik zei: dat was er weer één. Een aardbeving. Het is natuurlijk verschrikkelijk, al die aardbevingen. Het gaat maar door en het gaat maar door …”

septimber 9, 2022 13:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.