Liuwe H. Westra – Biografy Tony Feitsma: By einsluten

septimber 5, 2022 12:53

Noch in goed wike, dan hoopje wy dat kommissaris fan de Kening Arno Brok it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme sil fan ’e biografy fan Tony Feitsma: Pionier foar it Frysk. Libben en striid fan Tony Feitsma (1928-2009). It printsjen leit op skema, is my krekt fersekere, dus as him gjin oerstreaming, brân of ierdferskowing foardocht, dan mei ik derfan útgean dat ik it boek aansten werklik yn hannen haw. In bysûnder gefoel!

Wat no ek loskomt, is de publisiteit. Sjoernalisten fan kranten en Omrop wolle graach witte wat ik te sizzen haw, leafst sûnder it hiele boek te lêzen. En wêrom moast der eins in boek oer Tony Feitsma komme?

Om mei it lêste te begjinnen: se fertsjinnet it. Tusken de jierren 1960 en 2000 kin men rêstich sizze dat se har stimpel set hat op ’e Fryske beweging en de Fryske wittenskip. Men hoecht it net mei har útspraken en aksjes iens te wêzen (in protte minsken wiene dat doe ek al net), mar men kin der net omhinne. Yn ’e jierren ’60 en ’70 wie se nau behelle by alle aktiviteiten fan en diskusjes yn ’e Ried fan de Fryske Beweging, en yn ’e jierren ’70 en ’80 hat se tsientallen studinten, meskien wol in pear hûndert foarme.

Tony Feitsma

Tony Feitsma wie de earste dy’t foar studinten Frysk de doarren nei de sosjolinguistyk en de stúdzje fan meartaligens wiid iepensette. Foar har wiene der al in pear dy’t har ek al mei dat ûnderwerp dwaande holden hiene (bygelyks Krine Boelens), mar op ’e universiteiten dêr’t Frysk jûn waard, wie dêr noch neat fan te fernimmen. Mei har kollega Henk Meijering sette Tony Feitsma yn op it bestudearjen fan it Frysk, net as âlde taal mei in rike literatuer út ferfleine iuwen, mar as in minderheidstaal yn duorjend kontakt mei it dominante Nederlânsk. Wat docht dat mei in taal? En wat docht dat mei de sprekkers? Hoe dan ek hiene sokke ûnderwerpen in kear op it aljemint komme moatten, mar Tony Feitsma hat dêrfoar soarge. Dêrtroch wie de frisistyk yn ien kear fan syn dochs wat âldfrinzich imago ôf, en de tallen studinten dy’t yn Amsterdam har kolleezjes folgen, lieten sjen dat Tony in snaar rekke, dy’t de jonge ginneraasje fan dy tiid oanspriek. It is net om ’e nocht dat it benammen by de Fryske Akademy jierrenlang har learlingen wiene, dy’t foar master opsloegen.

Wat de Fryske beweging oanbelanget, dêr wie Tony Feitsma ien fan ’e minsken dy’t in nijere ynfolling joegen oan it begryp ‘identiteit’. Yn ’e jierren ’60 waard dat noch benammen brûkt om oan te jaan wat wy no wol as it ‘Frysk eigene’ oanjouwe: lânskip, maatskiplike struktuer, taal, menier fan omgean mei-inoar. De Provinsje Fryslân formulearre yn dy tiid al dat it fan belang wie om ‘de Fryske identiteit’ te bewarjen, en dêrmei bedoelden de lju it eigene fan Fryslân. Dêr wie Tony Feitsma út soarte net op tsjin, mar hja lei der de klam op, dat minsken net foar it Frysk kieze om in lânskip of in skiednis, mar om harsels op in beskate menier te ûntjaan. De Fryske taal, en dêrmei in beskate mienskip, wiene foar har gjin gegevens mar saken dêr’t men al of net foar kiest. Fryske identiteit wurdt dêrmei in persoanlike saak, en sa sjogge wy der yn wêzen noch altyd tsjinoan. Elk is frij om himsels dêr al of net mei te ferbinen.

Mar wat meskien foar dizze tiid noch wol it belangrykste is, is dat Tony Feitsma altyd útholden hat, dat men goed neitinke moat oer it ferbân tusken Fryske wittenskip en Fryske beweging. It is ûnmooglik om dy twa te skieden, en jo stekke de kop yn it sân as jo dat al besykje of sizze te dwaan. Dêroan ferbyn ik ek in pear konklúzjes foar de takomst, en gean ik op in beskate menier fierder as dat Tony Feitsma sels gie.

Sa’t ’k sei, Fryske wittenskip en Fryske beweging binne net sûnder elkoar te tinken. De beweging hat de stjit jûn ta wittenskipsbeoefening, en de wittenskip bestudearret op syn bar aspekten fan it Frysk dêr’t taalbeweging en taalbelied har foardiel mei dwaan kinne. Mar ik soe noch fierder gean wolle. Dat it mei it plak fan it Frysk yn it ûnderwiis gjin sprekken lije kin, witte wy allegear. Wat ik lykwols nea begrepen haw, ek fan Tony Feitsma net, is wêrom oft der nea stúdzje nei dien is hoe’t men in minderheidstaal net allinnich formeel ynfiere kin, mar ek hoe’t men de minsken dy’t it Frysk as fak jouwe en as fiertaal brûke moatte, safier kriget dat se dat op sa’n wize dogge, dat de bern dy’t fan ’e basisskoalle komme, it Frysk en it Nederlânsk beide op in beskaat nivo yn ’e macht hawwe, en dat it minimumnivo foar beide talen itselde is. Der binne nei alle gedachten in 3000 leararen yn it basisûnderwiis yn Fryslân. Dat is yn ferhâlding in hiele lytse groep, dy’t krúsjaal is foar it lêzen en skriuwen yn it Frysk, foar in part fan ’e taaloerdracht en foar de taalhâlding. Dy groep makket no hyn ofte nei syn wetlike taak net wier. Wêrom krije wy fan ’e Fryske wittenskip net mear hantrikkings hoe’t dat oars kin? Wêrom is der wol stúdzje nei taallearen, taalhâlding, taalhâlden en ‑dragen op it mêd fan it Frysk mar net op it mêd fan it feroarjen fan hâlden en dragen?

In gjalp fan in beweger? Ik tocht it net. Sa’n stúdzje soe yn it alderearste plak yn it belang fan ’e Fryske wittenskip sels wêze. Dat de frisistyk yn it gehiel fan ’e wittenskip yn Nederlân in frijwat marzjinaal plak ynnimt, is bekend. Dat plak stiet ek nochris geduerich ûnder druk. Net as beweger, mar as wittenskipper wol ik der dêrom op wize, dat dat sa net hoecht. Om myn eigen boek te sitearjen: ‘Yn Nederlân kin noch altyd op fjouwer plakken in folsleine stúdzje klassike talen dien wurde, inkeld en allinnich omdat der in 65.000 gymnasiasten binne dy’t ferplichte eineksamen dwaan moatte yn Gryksk of Latyn. As it foar de 33.000 learlingen fan ’e middelbere skoallen yn Fryslân ek ferplichte wêze soe om eineksamen Frysk te dwaan, soe it lân der foar de frisistyk in hiel ein oars hinne lizze’ (s. 673).

Hawar, hjirmei beslút ik de rige stikken oer de biografy fan Tony Feitsma, want fan 14 septimber ôf kin elk dy sels lêze. Guon dy’t by de útrikking wêze wolle, kinne dat kenber meitsje by de skriuwer fan it Feitsma Fûns, by foarkar foar no 7 septimber: info@feitsmafuns.nl. It earste eksimplaar wurdt eefkes nei 3 oere oanbean oan kommissaris fan ’e Kening Arno Brok. Alle oare boeken binne te keap.

Liuwe H. Westra
liuwe.westra@mensa.nl
06-30837586

septimber 5, 2022 12:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.