Learaarskrapte probleem foar alle taalminderheden yn Dútslân
Resint ferskynd

Alle taalminderheden yn Dútslân hawwe in probleem om genôch leararen te finen dy’t harren taal ûnderwize kinne. Sels de Sorben yn East-Dútslân, dy’t folslein Sorbysktalige skoallen hawwe, kinne min minsken fine om dêr les te jaan. Hja hawwe fan alles besocht: in gewoane learare-oplieding, bylearkursussen foar minsken dy’t al in protte kennis hawwe, it oanwinnen fan leararen dy’t in besibbe taal lykas Tsjechysk prate.
Dat sei Dawid Statnik fan de stifting foar it Sorbyske folk freed op in kongres fan de organiaasje FUEN, dêr’t minderhede-organisaasjes út hiele Europa by oansletten binne. De Ried fan de Fryske beweging is der ek by oansletten.
Vincze Lorant, de foarsitter fan de FUEN, sei dat rûnom yn Europa oerheden te min dogge foar har lytse talen, mei as gefolch dat der strukturele problemen ûntsteane yn bygelyks it ûnderwiis. Minderheden bliuwe dêrtroch op harsels oanwiisd om de taal oerein te hâlden.
Ilse Johanna Christiansen fan de Noardfryske Fryske Rie en Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske beweging beklammen dat it trochjaan fan minderheidstalen oan de jongste generaasje foaral op de heit en mem delkomt, mei’t de skoallen dat net goed foarinoar krije. Dat jout in grutte ferantwurdlikheid, dêr’t ek jonge âlden mei in man of frou dy’t de lânstaal praat harren fan bewust wêze moatte. “Leafde is net fergees”, sei frou Christiansen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje