Bywurke: Sneon twadde besykjen om ûnbemanne moanneraket te lansearjen
Resint ferskynd
- Andrea Peirano winner Frysk spul yn Aymavilles (Italië) 0
- Oargelkonsert troch David de Jong yn Doarpstsjerke Huzum op 17 febrewaris 0
- NASA sil kearnoandriuwing yn ’e romte teste om flugger nei Mars te reizgjen 0
- Doede Wiersma: It libben is as toulûken tusken goed en kwea 0
- It is wer de tiid fan de fuotbalblessueres 0
De lansearring fan de ûnbemanne Artemis I yn it Kennedy Space Center fan NASA yn Floarida, dy’t moandeitemiddei pland stie, is net trochgien. Troch problemen mei ien fan de fjouwer motoaren moast de lansearring útsteld wurde.
De earstfolgjende mooglikheid is no freed. Slagget is net om foar freed it probleem mei de motor te ferhelpen, dan is moandei 5 septimber in tredde opsje. Dy twa data stiene al fêst foar it gefal de earste lansearring net slagje soe. Foar’t de lansearring skrast waard, wiene der noch oare mankeminten dy’t ferholpen wurde moasten. Sa wie der in lekkaazje yn in oanfierlieding foar floeiber wetterstof.
The launch of #Artemis I is no longer happening today as teams work through an issue with an engine bleed. Teams will continue to gather data, and we will keep you posted on the timing of the next launch attempt. https://t.co/tQ0lp6Ruhv pic.twitter.com/u6Uiim2mom
— NASA (@NASA) August 29, 2022

Foto: NASA
Dêrneist waard sjoen nei in mooglike skuor yn in ûnderdiel fan de raket, mar dy skuor bliek net yn dat part te sitten, mar yn in skomlaach oan ’e bûtenkant fan de raket dy’t as isolaasje tsjinnet. Dêrtroch rûn de lansearring al fertraging op. Mar de maleur mei ien fan de fjouwer motoaren koe net gau reparearre wurde en dêrom waard besletten de lansearring yn elts gefal mei in pear dagen út te stellen.
It Artemis-programma wurdt sjoen as in mylpeal foar NASA, mar ek foar de Europeeske romtefeartorganisaasje ESA, dy’t in wichtich oandiel leveret. As de lansearring op in letter momint trochgiet, is it foar it earst sûnt 1972 dat in moanneraket út Floarida wei ôfreizget. NASA sette yn 1972 mei de Apollo 17-missy foar it lêst minsken op ’e moanne. It programma is ferneamd nei Artemis, de Grykske goadinne fan de jacht, en de twalingsuster fan Apollo. Nei de testflecht moat yn 2024 in bemanne flecht om ’e moanne folgje (Artemis II). Pas yn of nei 2025 sille der mei Artemis III wer echt twa astronauten op ’e moanne lânje. Foar dy missy binne trettjin kandidaat-lâningsgebieten bekendmakke.
Bywurke freed 2 septimber 2022, 19.30 oere: NASA hat freed besletten om sneon 14.17 oere (EDT), dat is 20.17 oere by ús, te besykjen om de ûnbemanne moanneraket te lansearjen. De lansearring is streekrjocht te folgjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje